Foar jo leit it weryndielingsadvys fan fiif gemeenten yn it hert fan de provinsje Fryslan: Boarnsterhim, It Hearrenfean, Ljouwert, Südwest-Fryslan en Skarsterlan (as rjochtsfoargonger fan de gemeente De Friese Meren y.o.). Dit advys is de twadde formele stap dy't de gemeenten meiïnoar sette om te kommen ta it opheffen fan de gemeente Boarnsterhim mei yngong fan 1 jannewaris 2014, troch de wei fan twa gearfoegings mei It Hearrenfean en Ljouwert en twa grinskorreksjes mei Südwest-Fryslan en Skarsterlan. Yn de beskriuwing fan it foartrajekt is te lézen hoe't Boarnsterhim frijwillich en op eigen inisjatyf ta it besiüt fan opheffing kommen is en hoe't de belutsen gemeenten op konstruktive wize meiïnoar foarmjouwe oan it ütfieren fan dit besiüt. De wichtichste redenen foar Boarnsterhim foar it foarlizzende besiüt binne dat middels en bestjoerskrêft net tarikkend binne om op eigen krêft de opjeften fan it gebiet oan te kinnen. Boarnsterhim hat in yntinsyf trajekt mei de befolking trochrün. By de foarstelde tadieling fan de gebietsparten ha de eigen winsken fan de befolking yn de kearnen, de oriïntaasje fan de kearnen, de sosjaal-ekonomyske en regionale gearhing liedend west. De gemeenten dy't oergeande gebietsparten üntfange, ha motivearre wêrom't sy de foarstelde tadieling as logysk, gearhingjend en duorsum ünderfine en op hokker wize sy de takomst fan it oergeande gebiet by har eigen gemeente sjogge. It fêststelde foarstel oer de wize wêrop't de gemeente Boarnsterhim har grüngebiet oerdrage wol sjocht der sa üt. De doarpen Wergea, Warten, Warstiens, Idaard, Grou, Reduzum, Jirnsum en Friens yn it noardlik part fan de gemeente sille diel ütmeitsje fan de gemeente Ljouwert. De doarpen Akkrum, Nes en Aldeboarn yn it südlik part fan de gemeente sille diel ütmeitsje fan It Hearrenfean. It gebiet mei de doarpen Raerd, Dearsum, Poppenwier, Tersoal en Sibrandabuorren slüt oan by de gemeente Südwest-Fryslan, en it doarp Terherne slüt oan by Skarsterlan (mei yngong fan 1 jannewaris 2014 de nij te foarmjen gemeente De Friese Meren). Nei it fêststellen yn de fiif gemeenterieden folget dit weryndielingsadvys de jildende proseduere lykas fêstlein yn de wet Arhi. Understeande kaarten jouwe it foarstel foar it tadielen fan de gebietsparten yn ien opslach wer.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 66