Ynlieding Foar jo leit it weryndielingsadvys fan fiif gemeenten yn it hert fan de provinsje Fryslan: Boarnsterhim, It Flearrenfean, Ljouwert, Südwest-Fryslan en Skarsterlan (as rjochtsfoargonger fan de gemeente De Friese Meren y.o.). Dit advys is de twadde formele stap dy't de gemeenten meiïnoar sette om te kommen ta it opheffen fan de gemeente Boarnsterhim mei yngong fan 1 jannewaris 2014 troch de wei fan twa gearfoegings en twa grinskorreksjes. It bestjoerlik lanskip fan Fryslan is yn beweging. De gemeenterie fan Boarnsterhim hat neitocht oer it fersterkjen fan de bestjoerskrêft en de fierdere takomst fan de gemeente Boarnsterhim. Hy hat ütsprutsen dat it net winsklik is dat de gemeente Boarnsterhim selsstannich fuortbestean bliuwt. Ljouwert, It Flearrenfean, Südwest-Fryslan en Skarsterlan nimme as logyske en natuerlike partners gebietsparten fan Boarnsterhim oer. Dat makket dat dit weryndielingsadvys in unyk karakter hat. Oant no ta hat der yn Nederlan noch gjin trajekt plakfün wêryn't in gemeente frijwillich en op eigen inisjatyf opsplitst waard yn fjouwer aparte dielen. De keazen ferdieling kin rekkenje op rom draachflak yn de belutsen doarpen. De ütwurking fan de foarnommen plannen yn dit weryndielingsadvys is mienskiplik opsteld troch de fiif belutsen gemeenten. Dêrby moat neamd wurde dat it hjir om in weryndielingsüntwerp giet dat yn formele sin foarsjocht yn it ynstellen fan twa nije gemeenten mei de nammen It Hearrenfean en Ljouwert troch de wei fan fan weryndieling (nammentlik in gearfoeging fan parten fan Boarnsterhim mei Ljouwert en It Hearrenfean), it ütwreidzjen fan twa besteande gemeenten troch de wei fan grinskorreksjes (nammentlik Südwest-Fryslan en Skarsterlan) en it opheffen fan ien gemeente (nammentlik Boarnsterhim). Fanüt sekuerens en takomstbestindigens is keazen foar ien yntegraal weryndielingsadvys, wêryn't de gearfoegings en grinskorreksjes opnaam binne. Dêrmei wurdt op ien en itselde momint in robüste oplossing bean foar alle ynwenners en it totale grüngebiet fan de gemeente Boarnsterhim. Der wurdt in yntegrale oplossing presintearre, mei düdlikens foar ynwenners, maatskiplik middenfjild en oare lokale en regionale belanghawwenden. De gemeenten It Hearrenfean, Ljouwert, Südwest-Fryslan en Skarsterlan drage troch harren dielname by oan it fergrutsjen fan de bestjoerskrêft yn de regio. De gearfoegings en grinskorreksjes ha as doel om foar de mienskip ornearre ek yn de takomst soarch te dragen foar in robüste en adekwate oanpak fan maatskiplike opjeften op en rünom it grüngebiet fan de hjoeddeistige gemeente Boarnsterhim. Tagelyk wurdt der fierder boud oan de bestjoerskrêft fan de fjouwer belutsen gemeenten. De fiif gemeenten ha derfoar soarge dat de belangen fan de ynwenners fan de gemeente Boarnsterhim en de belangen fan de ynwenners yn de oare fjouwer gemeenten yn balans brocht wurde yn de foarnommen plannen. In spesjale status yn dit weryndielingsüntwerp is weilein foar de gemeente Skarsterlan. Dizze gemeente is op it stuit, yn 'e mande mei syn partners Lemsterlan en Gaasterlan-Sleat, belutsen yn in weryndielingstrajekt dat mei yngong fan 1 jannewaris 2014 liede moat ta it üntstean fan de gemeente De Friese Meren. De grinskorreksje mei Boarnsterhim sil op 1 jannewaris 2014 feitlik plakfine mei dizze nije gemeente. Dêr wêr't de gemeente De Friese Meren lykwols noch net bestiet is dit weryndielingsadvys opsteld yn oerlis mei har rjochtsfoargonger, de gemeente Skarsterlan. Dêrby hat de gemeente Skarsterlan soarge foar sekuere en adekwate öfstimming mei syn füzjepartners. Dêr wêr't sprutsen wurdt oer Skarsterlan jildt dat dit mei yngong fan 1 jannewaris 2014 jildt foar de gemeente De Friese Meren, derfan ütgeande dat op basis fan it brief fan de minister de Arhi-proseduere foar dizze gemeente mei yngong fan 1 jannewaris öfsletten wurdt. Oangeande it juridysk fünemint fan dit weryndielingsadvys ha de gemeenten har basearre op de Grünwet en de wet Algemene Regels Herindeling (wet Arhi). Yn de Grünwet (artikel 123, earste lid) is bepaald dat gemeenten opheft en ynsteld wurde kinne. De wet Arhi skriuwt foar hoe't it ynstellen en opheffen fan gemeenten prosedureel en kwa ynhaldlike kaders yn syn wurk heart te gean. Dêrneist is dit weryndielingsadvys opsteld neffens de ütgongspunten yn it Beleidskader Gemeentelijke Herindeling, lykas fêststeld yn de ministerrie op 3 april 2009. 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 68