Lêswizer Yn haadstik 1 wurde de foarskiednis en de hjoeddeistige situaasje fan de fiif gemeenten beskreaun. Sintraal stean de keamsifers, karakteristiken en yn it foartrajekt nommen besluten fan de yndividuele gemeenten. Haadstik 2 beskriuwt de achtergrünen en motiven fan de foarnommen gearfoegings en grinskorreksjes. Ek wurdt hjir de foarnommen gebietsferdieling presintearre. Yn haadstik 3 wurdt de takomstige situaasje fierder ütwurke, ynklusyf in fisy op de nije gemeenten. Yn haadstik 4 wurde de foarnommen plannen toetst oan it Beliedskader Gemeentlike Weryndieling. As taljochting binne yn haadstik 5 de finansjele effekten fan de weryndieling opnaam. Haadstik 6 giet yn op de yntsjinne sjochwizen. Yn haadstik 7 wurdt dit weryndielingsadvys öfsluten mei in taljochting op it ferfolch fan de Arhi-proseduere.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 69