Foarsjennings Ofset tsjin aard en skaal fan de gemeente hat Boarnsterhim in foarsjenningsnivo dat past by in gemeente fan dizze omfang. Foar boppelokale foarsjennings meitsje de ynwenners fan Boarnsterhim gebrük fan kearnen as Snits, It Hearrenfean, Ljouwert en De Jouwer. Boarnsterhim telt 17 basisskoallen en ien fuortset ünderwiislokaasje. It mienskipslibben wurdt fasilitearre troch 10 doarpshuzen. Yn de gemeente Boarnsterhim binne 16 pleatslike belangeferienings aktyf. Fierder telle de doarpen yn totaal 10 kulturele organisaasjes, meardere dünsselskippen, 15 toanielferienings en muzykünderwiis. De gemeente stimulearret kultuer en edukaasje fierder mei de 6 oanwêzige musea yn de gemeente, 2 biblioteken yn Grou en Akkrum. Ferspraat oer de ferskate kearnen telt de gemeente likernóch 12 lokaasjes foar binnensport respektivelik 18 lokaasjes foar bütensport. 1.1.2 Situaasjebeskriuwing gemeente It Hearrenfean Y nwenners Oerflak yn km2 Kearnen Riedssitten Fte Personiels- leden Wurkgelegen heid It Hearrenfean 43.419 140,16 16 27 330 397 20.300 Romtlike omskriuwing De gemeente It Hearrenfean bestiet üt it haadplak It Hearrenfean mei likernöch 30.000 ynwenners en 15 doarpen mei as grutste Jobbegea (3.350 ynwenners) en trije doarpen mei likernóch 1.500 ynwenners (Aldskoat, Nijehoarne en De Knipe). De lanskiplike struktuer yn en om de gemeente It Hearrenfean karakterisearret him troch de opbou fan ferskate lanskipstypen yn east-west lizzende stripen fan deksanrêgen en beekdelten. De doarpen yn de gemeente lizze yn lintfoarm by de stripe fan de sanrêch lans yn eastlike rjochting fan it plak It Hearrenfean (plus de fjouwer lintdoarpen fan 'Ald-Aengwirden' yn it feangreidegebiet noardeast fan It Hearrenfean). It sterk rjochte wêzen fan dizze struktuer is meibepalend foar de romtlike kwaliteit. Westlik fan it plak It Hearrenfean leit it marregebiet, sudlik it agrarysk gebiet grinzjend oan de rivier de Tjonger, yn it südeasten Oranjewald en de Fryske Walden en yn it noardeasten leechfeangebiet ynklusyf it wiete natuergebiet De Deelen. Neist it lanskip is de eigen kultuerhistoaryske identiteit fan de doarpen bepalend foar de hjoeddeistige identiteit fan de gemeente. It Hearrenfean leit op it krüspunt fan de rykswegen A32 (Ljouwert - Swolle) en A6/A7 (Ranestêd - Flevopolder - Grins). Fierder hat It Hearrenfean in Intercitystasjon op it spoar Ljouwert - Swolle. In nije spoarferbining tusken It Hearrenfean en Grins wurdt pland. It Hearrenfean makket diel üt fan de ekonomyske kearnsöne Süd-Fryslan (Snits - Skarsterlan - It Hearrenfean - Opsterlan - Smellingerlan). Yn it Streekplan makket It Hearrenfean mei De Jouwer diel üt fan ien fan de bondelingsgebieten dêr't romtlik-ekonomyske Ontwikkeling konsintrearre wurde sil. It Hearrenfean is ien fan de stêdlike sintra yn Fryslan dêr't stêdlike foarsjennings foar in grutter regionaal fersoargingsgebiet konsintrearre wurde. Ambysjes It Hearrenfean Dynamyk en lef- Undernimmingsgeast en lef rinne al ieuwenlang as in reade tried troch de gemeente. De dynamyk fan it plak It Hearrenfean mei de rêst en romte fan it bütengebiet makket It Hearrenfean ta in oantreklike gemeente. De omjouwing fol kultuer en natuer jout folop gelegenheid foar rekreaasje. Ekonomy - De gemeente It Hearrenfean stiet op it 14e plak fan top-ekonomyske lokaasjes yn Nederlan (Elsevier, april 2011), it heechste fan Noard-Nederlan, en funksjonearret as wichtichste ekonomyske kearn foar in gruttere regio. Yn de gemeente naam de wurkgelegenheid ta fan likernöch 17.400 (yn 2001) nei 20.300 (yn 2010), in groei fan 17% (tsjinoer 6% yn de provinsje as gehiel). Sterke sektoaren binne yndustry, logistyk en distribüsje, saaklike tsjinstferliening, sünenssoarch, underwiis en sport.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 71