Stêdfan Sport - It Hearrenfean hat in rike sportkultuer: fuotbal, reedride, turnje, iishockey, kuorbal, atletyk en tal fan oare sporten. Foar alle sporters binne der fasiliteiten foar trening, oplieding en (medyske) begelieding. It multy sportkompleks 'Sportstêd Hearrenfean' lukt top- en rekreaasjesporters oan, mar ek it bedriuwslibben en underwiis. It kompleks bestiet üt: - Abe Lenstra Stadion (fuotbalstadion fan SC Hearrenfean, kapasiteit 26.500 stean- en sitplakken) - gemeentlike sportkompleksen (swimbaden, turnhal [nasjonale A-status], ferskate sporthallen ensfh.) - MBO Fryslan College - sünensbülevaar - likernöch 35.000 m2 kantoaren - thüsbasis foar it Centrum voor Topsport en Onderwijs (ien fan de fjouwer CTO's yn Nederlan) ynklusyf Talentenacademie (goed 100 jonge sporttalinten üt under oare de sporten reedride en turnje) In soad Friezen, mar de ynwenners fan It Hearrenfean yn it bysunder, binne grutsk op fuotbalklup SC Hearrenfean, mearfaldich wraldkampioen Sven Kramer en topturner Epke Zonderland. It iisstadion Thialf is (ynter)nasjonaal bekend. Duorsumens - It Hearrenfean is in Milenniumgemeente en partisipearret yn duorsumensprojekten. Sa leit der in foarstel foar in 'Enerzjylanskip' op it gebiet neist it Klaverblêd Hearrenfean en de 'Light Challenge' as stimulans foar fernijende en enerzjysunige konsepten foar iepenbiere ferljochting. Leefberens en Doarpsfisys - De gemeente hechtet in soad wearde oan de relaasjes mei de doarpen en wiken. De wyk- en doarpswethalders en de wykmanagers ha in soad kontakt mei bewenners en har ferienings. Alle doarpen yn de gemeente ha krektlyn in eigen doarpsfisy opsteld. Underdiel hjirfan is de doarpsaginda fan projekten dy't of under de ferantwurdlikens fan de bewenners seis, de gemeente, of yn kombinaasje fan beide ütfierd wurde sille. De gemeente hat in füns beskikber steld dat foar de helte doarpsoerstiigjende projekten meifinansieret en foar de helte projekten yn it eigen doarp. De ynstek by de doarpsfisys is dat de doarpen seis inisjatyfnimmer en luker binne. Gearwurkingsaginda - Yn 'e mande mei de Provinsje Fryslan hat It Hearrenfean in gearwurkingsaginda opsteld Dizze aginda befettet grutte projekten wêrfoar't provinsje en gemeente har mienskiplik ynsette, lykas in nij Thialf en de ferkearsöfhanneling om It Hearrenfean hinne. Foarsjennings It foarsjenningsoanbod op It Hearrenfean hat in boppelokaal karakter. De regionale oriïntaasje komt under oare ta ütdrukking yn it regionaal sikehüs Tjongerschans, middelbere skoallen, in YMBO-plein en MBO-opliedings. It Posthuis Theater hat in kapasiteit fan 400 taskögers en ek de musea, wêrunder Museum Belvédère (50.000 besikers yn it jier) en streekmuseum Willem van Haren binne fan regionaal belang. De biblioteek fan It Hearrenfean hat in dependanse yn Jobbegea en de 'Ateliers Majeur' litte minsken yn 'e kunde komme mei kultuer. In soad minsken fan buten de gemeente besykje it sintrum fan It Hearrenfean. It Hearrenfean hat in regionale funksje as ütgeanssintrum. Yn de wiken en doarpen wurket de gemeente oan brede skoallen en multyfunksjonele akkomodaasjes. 1.1.3 Situaasjebeskriuwing gemeente Ljouwert Ynwenners Oerflak yn km2 Kearnen Riedssitten Fte Personiels- leden Wurkgelegen- heid Ljouwert 94.848 84,1 10 37 1037 1018 67.320 Romtlike omskriuwing Ljouwert is untstien oan de wal fan de eardere Middelsee, op it plak dêr't trije rivierkes (Fliet, Potmarge en Ie) yn see streamden. Doe't de Middelsee yn de fjirtjinde ieu tichtslike, hold de 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 72