stêd har spilfunksje. Troch de sintrale lizzing krige de stêd ek as bestjoerssintrum hieltyd mear betsjutting. De ekonomyske en bestjoerlike betsjutting fan Ljouwert is werom te finen yn it stêdeboukundich patroan, mei in karakteristike radiale struktuer. Ljouwert is earst en foaral haadstêd fan Fryslan. Haadstêd fan in provinsje mei in grien, wetterryk en wrydsk lanskip. Ljouwert foarmet mei de fiif buorgemeenten (Ljouwerteradiel, Tytsjerksteradiel, Boarnsterhim, Littenseradiel, Menameradiel) de Stedsregio Ljouwert. In gearwurkingsferban wêryn't öfspraken makke wurde oer tema's lykas wenjen, wurkjen, foarsjennings en ynfrastruktuer. Mei de gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel en Menameradiel foarmet Ljouwert de Westergosöne, in ekonomysk rjochte gearwurkingsferban. Ljouwert leit sintraal yn in wiidfertakke ynfrastruktureel netwurk. It spoar liedt nei fjouwer rjochtings: Harns, Snits, Grins en Swolle. Wichtichste dykferbinings binne de A31 (rjochting Harns), de N31/A7 rjochting Drachten - Grins en de A32 rjochting It Hearrenfean - Swolle. De öfstan tusken Ljouwert en Amsterdam/Skiphol is yn fiif kertier ófte lizzen. Besuden de stêd rint it Van Harinxmakanaal. De gemeente Ljouwert telt hast 95.000 ynwenners, wêrfan't it grutste part yn de stêd wennet. Njoggen doarpen telt de gemeente, wêrfan't inkelde (Goutum, Himpens, Tearns) yntusken ta it stêdlik gebiet hearre. De oare seis doarpen (Snakkerbuorren, Lekkum, Miedum, Wytgaard, Wurdum en Swichum) lizze sa goed as ünder de reek fan Ljouwert. De fleanbasis Ljouwert leit noardwest fan de stêd, de Ljouwerter Bosk oan de noardkant en oan de eastkant leit it natuergebiet De Grutte Wielen. Foarsjennings Ljouwert biedt meardere wenmiljeus foar ferskate doelgroepen. De binnenstêd is mei in grut en breed oanbod fan winkels, foarsjennings en monuminten fan grutte betsjutting. De trije HBO- ynstellings biede ünderwiis oan goed 18.000 studinten. Neist de Kenniskampus komt der in Wetterkampus foar wettertechnology. Kennisynstituten lykas Wetsus, Fryske Akademy, Waadakademy en Vitens binne fan (ynter)nasjonale betsjutting. Op koarte termyn wurdt wittenskiplik ünderwiis bean fia de Universiteitskampus Fryslan. Op it mêd fan sünenssoarch hat Ljouwert in lansdielige funksje. It WTC Expo Center is yntusken it tredde beurskompleks fan Nederlan, stedsskouboarch De Harmonie stiet yn de lanlike top 5. Yn 2013 wurdt it nije Fries Museum iepene. Aquazoo oan de eastkant fan de stêd is mei goed 150.000 besikers yn it jier in tige wichtige attraksje. De finansjele en saaklike tsjinstferliening is yn Ljouwert sterk fertsjintwurdige, benammen de banken en fersekeringsmaatskippijen. Zorggroep Noorderbreedte (ü.o. MCL), justysje (ü.o. CJIB), fleanbasis en Fryslan Campina binne inkelde grutte wurkjouwers. Ambysjes Yn 2008 is de Stedsfisy "Ljouwert grutsk fierder! Op wei nei in duorsume stêd" fêststeld. Strategyske konsepten üt dy fisy binne: Tiid foar skjintme (aksint op romtlike kwaliteit en de monumintale binnenstêd), Cure and Care, Kennisstêd, Kantoarestêd en Wetter. De neamde fiif pylders binne meiïnoar ferbün troch de reade tried fan duorsumens. It kolleezje fan B&W hat yn it kolleezjeprogram trije ambysjes formulearre dy't in ütdaging foarmje rjochting 2020: - Ljouwert is yn 2020 ünofhinklik fan fossile branstoffen - Ljouwert as knooppunt fan kennis op it mêd fan wettertechnology - Ljouwert hat yn 2015 500 nije griene banen. Tegearre mei de Provinsje Fryslan hat Ljouwert de Gearwurkingsaginda opsteld. Dizze aginda befettet fiif grutte projekten wêrfan't realisaasje troch provinsje likegoed as stêd fan belang achte wurdt: - üntjouwing fan in Wetterkampus - üntjouwing Nij Streamlan 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 73