- gebietsüntjouwing WTC/Expo en Lange Marktstrjitte e.o. - University Campus Fryslan (UCF) - kandidaatstelling Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. De Wetterkampus wurdt realisearre op it eardere Atoglasterrein by de Potmarge lans. In konsintraasje fan bedriuwen en spesifike foarsjennings foar wettertechnology. It toptechnologysk ynstitüt Wetsus is in wichtich ünderdiel hjirfan. It gebiet oan de süd- en südwestkant fan Ljouwert feroaret de kommende desennia yngripend. Der is al üt ein set mei de üntjouwing fan de stêdlike ütwreidingslokaasje De Südlannen en yn 2014 sil de realisaasje fan De Heak, de westlike ynfalsdyk, de noardwestlike ynfalsdyk en Overijsselseleane in feit wêze. Yn it plangebiet Nij Streamlan binne grutskalige inisjativen as de Dairy Campus en in Enerzjypark neamd. De westlike kantoareheak en it WTC Expo binne de motor foar de kantoaren en evenemintemerk yn Ljouwert en Fryslan. Nije kantoaren wurde boud (CJIB, UPC), besteande gebouwen en gebieten werüntwikkele (NHL, LPF), parkearfoarsjennings realisearre, in kwaliteitsympuls foar de iepenbiere romte ensfh. Mei de UCF wurde besteande en noch te üntwikkeljen heger ünderwiisaktiviteiten bondele en krije akademysk ündersyk en opliedings stal op it terrein fan inkelde spesifike kennishotspots. Ljouwert makket de ambysje as dynamysk sintrum foar de hiele provinsje foar kennis en heechweardige kultuerbelibbing wier troch him kandidaat te stellen as European Capital of Culture 2018. 1.1.4 Situaasjebeskriuwing gemeente Skarsterlan Ynwenners Oerflak yn km2 Kearnen Riedssitten Fte Personiels- leden Wurkgelegen heid Skarsterlan 27.291 216,89 30 21 236,70 266 9.970 Skaaimerken De gemeente Skarsterlan is op 1 jannewaris 1984 üntstien troch in füzje fan de gemeenten Doanjewerstal en Haskerlan. Skarsterlan leit yn it südwesten fan de provinsje, tusken de gruttere (mear ferstedske) plakken Snits en It Hearrenfean. Skarsterlan ünderskiedet him dêrfan troch in relatyf plattelanskarakter. Der bestiet in sterke bining en belutsenens fan de befolking. Mei troch de geunstige lizzing oan it Rykswegenet (A6/A7), it heech wurdearre wenklimaat en in goed foarsjenningsnivo hat de gemeente him de léste desennia sterk untwikkele. It grüngebiet fan de gemeente karakterisearret him as in plattelansgemeente mei in fariearre lanskip. It westlik part fan de gemeente leit op in ütrinner fan de sangrünen fan Gaasterlan dy't oant De Jouwer ta rint, mei bosken by Sint Nyk. It eastlik part fan de gemeente karakterisearret him troch feangreidegebiet. Fierder leit in grut part fan de Fryske marren binnen de gemeentegrinzen. Yn it haadplak De Jouwer wennet in bytsje minder as de helte fan de Skarsterlanske befolking, 12.981 ynwenners. It plak hat in rike histoarje, krige yn 1466 merkrjochten en is fan aids bekend fan ambachtlike aktiviteiten, lykas de klokke- en meubelmakkerij en gieljitterijen. Wenje en wurkje De gemeente hat de wenningbou de léste desennia evenredich oer de hiele gemeente ferparte, dus ek yn de lytsere kearnen is (nei ferhalding) boud. Dizze rjochting wurdt ek de kommende jierren folge. Dêrby leit Skarsterlan it aksint hieltyd mear op de kwaliteit fan it besteande beboude gebiet. Skarsterlan is meardere kearen troch it MKB ütroppen ta meast MKB-freonlike gemeente fan Noard-Nederlan. It midden- en lytsbedriuw is dan ek sterk fertsjintwurdige. De wurkgelegenheid konsintrearret him foaral op 'e Jouwer, yn Sint Nyk en Aldehaske/Nijehaske. De gemeente hat in plattelanskarakter, de agraryske sektor is wichtich foar de gemeente. 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 74