Rekreaasje en toerisme It feit dat Skarsterlan beskikt oer it measte binnenwetter fan Fryslan en in grut part fan it Fryske marregebiet beslacht, makket dat de gemeente in soad wettersporters oanlükt. Wettersportplakken lykas Langwar en Goaiïngaryp, mar ek hieltyd mear De Jouwer, plokje hjir tankber de fruchten fan. De gemeente beskikt oer in profesjonele VVV-organisaasje, mei kantoaren op De Jouwer en Langwar, dy't lanlik goed oanskreaun stean. De gemeente Skarsterlan ünderskiedt him troch it grut tal eveneminten en aktiviteiten. Foarsjennings Mei it each op it tal ynwenners hat De Jouwer in yn ferhalding breed winkeloanbod. De sintrale winkelstrjitte, de Midstrjitte, wurdt goed wurdearre troch eigen bewenners en besikers. Wettersporters rinne maklik fanut de haven it winkelsintrum yn. Yn Skarsterlan binne de foarsjennings op it mêd fan ünderwiis, sport, kultuer fan goed nivo. Yn it ramt fan de leefberens yn de lytsere doarpen set de gemeente yn op behald fan ünderwiisfoarsjennings. De Jouwer hat twa festigings fan middelber ünderwiis en der wurdt op it stuit wurke oan in brede skoalle yn De Jouwer-Süd. De gemeente Skarsterlan hat de nedige sportferienings en sportfoarsjennings, ferspraat oer it hiele grüngebiet. Op De Jouwer wurdt op it momint wurke oan in kombinaasje fan in nije sporthal en in fernijd sport- en rekreaasje- swimbad, under de titel Sportyf knooppunt De Jouwer. Der binne in soad ferienings en stiftings dy't har dwaande halde mei kultuer. Museum De Jouwer is it sintrum foar kultuer op De Jouwer. Duorsumens De gemeente Skarsterlan wol bydrage oan in duorsume maatskippij. De gemeente hat har oansletten by de milenniumgemeenten, wêrby't ien fan de doelen is dat der wraldwiid mear minsken libje moatte yn in duorsum leefmiljeu. De gemeente fiert it duorsumensprinsipe ek troch yn syn eigen organisaasje. By nije wentebouprojekten is duorsumens in wichtich spearpunt. Duorsumens by bou en wenjen wurdt dan ek stimulearre. Yn de nije wiken Wyldehoarne en Broek-Süd wurdt ambisjeus ynset op enerzjybesparring en duorsum bouwe. Belutsenens ynwenners De gemeente hat in soad kontakt mei de achttjin ferienings foar pleatslik belang en in tal wykferienings op De Jouwer. It gemeentebestjoer besiket de doarpen, hat petearen mei de bestjoeren, besiket jiergearkomsten en belükt de ferienings by nije üntjouwings. Takomstfisy Yn de yn 2008 troch de gemeenterie fêststelde takomstfisy 2030 set Skarsterlan yn op in krêftige plattelansgemeente. Der wurdt in stjoerde üntjouwing neistribbe mei in balans tusken oan 'e iene kant feroaring mei each foar autentike wearden en oan 'e oare kant dynamyske en ynnovative üntjouwings. Yn dit ramt wurdt it midden- en lytsbedriuw sjoen as driuwende krêft fan de regionale ekonomy. It yn de takomstfisy fêstleine stribjen liedt ünder oare ta de kar om De Jouwer in nije ympuls te jaan troch yn te setten op festiging fan ynnovative ambachtlike bedriuwen ("De Jouwer Ambachtstêd") en kennisyntinsive bedriuwen. De lanskiplike skaaimerken fan de gemeente mei sangrünen en bosken, lykas it grutte marregebiet biede romme mooglikheden foar toeristysk-rekreative aktiviteiten. It fierder ütnutsjen fan dizze mooglikheden fia fernijende konsepten, rjochte op wurkgelegenheidsgroei, is in spearpunt fan gemeentlik belied. 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 75