Gemeente yn oprjochting: De Friese Meren De gemeente Skarsterlan is belutsen yn in füzjeproses mei de gemeenten Gaasterlan-Sleat en Lemsterlan. Op basis fan it brief fan de minister fan BZK wurdt de Arhi-proseduere fan dizze weryndieling op 1 jannewaris 2014 öfsletten. As foarriedige namme is keazen foar 'De Friese Meren'. De trije gemeenten ha elk foar harsels konkludearre dat de opsje om selsstannich te bliuwen yn elk gefal op termyn net yn it belang is fan har ynwenners. Yn it weryndielingsüntwerp stelle de gemeenten dat füzje fan de gemeenten Gaasterlan-Sleat, Lemsterlan en Skarsterlan liedt ta de foarming fan in krêftige plattelansgemeente, wêryn't: 1It behalden fan de besteande plattelanskultuer it béste garandearre is. 2. Der koarte linen binne tusken boargers en bestjoer en amtlike organisaasje. 3. Sprake is fan in goede balans tusken beheind-ferstedske gruttere doarpen en it omlizzende plattelan. 4. Folop üntwikkelingsmooglikheden binne foar de agraryske sektor, it oare bedriuwslibben en de rekreative en toeristyske sektor, yn kombinaasje mei it behald fan de lanskiplike wearden (grutskaliger oan de A6 en Al, lytsskaliger yn de mear kwetsbere gebieten). De trije gemeenten foarmje meiïnoar in homogeen gebiet, in plattelansgebiet, lizzend tusken trije regionale fersoargingskearnen. It is in oantreklik gebiet om te wurkjen, wenjen en te rekreëarjen en it gebiet lient him troch syn fariearre lanskip hiel goed as toeristyske lüker. Benammen de oanwêzigens fan in grut part fan it Fryske marregebiet makket it gebiet bysünder. It foarmjen fan ien gemeente foar dit gebiet fersterket nei de miening fan de gemeentebestjoerders de mooglikheid om winsklike üntjouwings te stjoeren. Ut it folge proses fan beslütfoarming yn de trije gemeenten hat bliken dien dat de ynwenners de kar fan de trije gemeenten om mienskiplik de takomst yn te gean, stypje. De grinskorreksje mei Boarnsterhim sil nei alle gedachten plakfine op 1 jannewaris 2014. Dit haldt yn dat de oergeande gebietsparten meidertiid taheakke wurde oan de dan nij funksjonearjende gemeente De Friese Meren. Yn dit trajekt treedt Skarsterlan as rjochtsfoargonger fan De Friese Meren op. Sa fersoarget Skarsterlan ek de öfstimming mei de takomstige fuzjepartners Gaasterlan-Sleat en Lemsterlan. 1.5 Situaasjebeskriuwing gemeente Südwest-Fryslan Ynwenners Oerflak yn km2 Kearnen Riedssitten Fte Personiels- leden Wurkgelegen heid Südwest- Fryslan 82.475 823,66 69 37 701 858 30.181 Algemien De gemeente Südwest-Fryslan is mei yngong fan 1-1-2011 üntstien troch in frijwillige gearfoeging fan de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wünseradiel, Wymbritseradiel en bestiet üt seis stéden en 63 kearnen en doarpen. Kwa oerflak (lan en wetter) is it de grutste gemeente fan Nederlan. De kombinaasje fan de stêd en it plattelan én it manske grüngebiet meitsje de gemeente unyk yn Nederlan. Yn de mear stedske söne Snits - Boalsert by de A7 lans binne de grutte klusters fan wurkgelegenheid en foarsjennings. Yn it lanlik gebiet mei in soad autentike doarpen en lytsere stéden binne rêst en rümte te finen. De kombinaasje fan stêd en plattelan biedt grutte kansen foar in fierdere groei fan it toerisme. Südwest-Fryslan is de twadde gemeente fan Fryslan, oangeande ynwenners (goed 82.000) likegoed as arbeidsplakken (goed 30.000). De haaddiken A7 (Ofslütdyk - It Hearrenfean), A6 (De Jouwer - De Lemmer), N 359 Boalsert - De Lemmer) en de spoarline Ljouwert - Snits - Starum biede de gemeente in goede üntslutingsstruktuer. 14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 76