Karakteristyk foar de gemeente Sudwest-Fryslan binne de kleuren grien (it iepen en romme lanskip), blau (it grut tal marren en dobben) en read (de stéden en grut tal doarpen). De kwaliteit fan de leefomjouwing wurdt mei bepaald troch in goede balans tusken dizze funksjes. De gemeente Südwest-Fryslan karakterisearret him troch in oantreklike mjuks fan stéden en doarpen, wêrby't alle kearnen har eigen karakter en identiteit ha en behalde kinne. Südwest- Fryslan hat stêdlike eleminten, mei kulturele en monumintale eigenskippen (mei ü.o. 585 ryksmonuminten en 16 beskerme steds- en doarpsgesichten) en hat ek de karakteristike skaaimerken fan it Fryske plattelan. Seis fan de Fryske Alvestêden lizze yn de gemeente: Snits, Boalsert, Drylts, Warkum, Hylpen en Starum. De sintrumstêd Snits is foarsjenningsstêd foar de hiele Südwesthoeke fan Fryslan. Mei in fersoargingsgebiet fan 100.000 ynwenners is Snits it keapsintrum foar de regio mei ü.o. streeksikehüs en ROC (2.600 learlingen). De gemeente beskikt under oare oer de neikommende foarsjennings: tal skoallen likernöch 74 tal sportakkommodaasjes likernöch 200 tal sportferienings likernóch 400 tal musea likernóch 18 tal bedriuweterreinen likernöch 32 tal lisplakken likernöch 12.500 Untjouwing Südwest-Fryslan is in üntwikkelgemeente. Südwest-Fryslan fart net aliinnich in romtlike koers; ek de maatskiplike üntjouwing (sosjale kohesy) foarmet in wichtige drager foar de fierdere üntjouwing fan de gemeente. Südwest-Fryslan is mei goed 82.000 ynwenners de fjirde gemeente fan it Noarden. In krêftige spiler, dy't syn potinsje op toeristysk, rekreatyf en ekonomysk flak optimaal benutte wol en as foarsjenningssintrum syn posysje fersterkje wol. Südwest-Fryslan wol dan ek as nije grutte gemeente regionaal, provinsjaal en lanlik in rol fan betsjutting spylje. De gemeente wol ünderskiedend wêze en in eigen werkenber profyl kreëarje. Wichtige driuwers foar de takomst binne it benutten en fersterkjen fan de unike skaaimerken: it lanskip it wetter de ekonomyske en kulturele mearsidigens, en de krêft en eigenheid fan de stéden en kearnen. De ferbining tusken dizze tema's smyt in krêftich profyl op. It unike lanskip fan Südwest-Fryslan mei in soad wetter, it ferskaat oan wettertoerisme en it grut tal wettersportbüne bedriuwen dy't oanwiisber ynnovatyf binne, litte in düdlik 'Blau Profyl' sjen. It fargebiet yn Südwest-Fryslan biedt in wichtige poarte nei oare fargebieten. Neist dy trochfeart jout it wetter lykwols ek tagong ta en leit in ferbining tusken wenjen, wurkjen en rekreëarjen yn Südwest-Fryslan. De üntjouwing fan wetterfronten, de wetterstêden en wetterdoarpen, it grut tal mooglikheden op it mêd fan wetterrekreaasje en wettertoerisme en de ynnovaasje yn de skips- en masinebou binne spearpunten. Ek de lanbousektor is nau ferbün mei wetter, yn de kwalitative en yn de kwantitative sin. Wetter is ommers ien fan de essinsjele grünstoffen foar de lanbou. It 'Blauwe Profyl' fan Südwest-Fryslan as ekonomyske motor is it wurdich om in ympuls te jaan op ferskate terreinen: de oanlükingskrêft fan de wetterstêden en wetterdoarpen, de wurkgelegenheid (ekonomyske ympuls troch ynnovaasje yn de wettersektor), kennisüntwikkeling (krêftebondeling en ünderwiis), behald fan kultureel erfguod en it fersterkjen en ferbetterjen fan de ynfrastruktuer (oantreklik meitsje fan wettertoerisme). 15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 77