Ynnovaasjes op it mêd fan wettertechnology kinne fan betsjutting wêze foar ferskate sektoaren yn dizze gemeente. De gemeente stiet tichtby syn boargers, wêrby't fia koarte linen en in dêrta ynrjochte amtlike organisaasje gebietsrjochte ynfolling jun wurdt oan it kearnebelied. De Mienskip stiet hjiryn sintraal. De gemeente kiest foar eigenheid fan doarpen en stéden, wêrby't de krêft fan de kearnen stimulearre en behalden wurdt. Utgongspunt is dat de kearnen lykweardich binne, mar net gelyk. Dêrfoar wurdt ynset op in differinsjearre foarsjenningsnivo dat past by de aard en de skaal fan de kearn. Alle ambysjes binne rjochte op in duorsume takomst, wêrfoar't Süd west-Fry si an ferantwurdlikens nimme wol. Dit betsjut ek dat de gemeente yn de utwurking fan syn ambysjes duorsumens as ferbinend elemint sjocht: stribje nei in ideaal lykwicht tusken ekonomyske, sosjale en ekologyske belangen. 1.2 Foarskiednis Yn dizze paragraaf wurdt de foarskiednis fan de yndividuele gemeenten yn dit weryndielingsadvys beskreaun. 1.2.1 Foarskiednis gemeente Boamsterhim Op 21 april 2009 besleat de rie fan de gemeente Boamsterhim in kredyt beskikber te stellen foar it halden fan undersyk nei de takomst fan de gemeente. De finansjele posysje fan de gemeente en de bestjoerskrêft wienen de wichtichste oanliedings foar dit undersyk. De rie formulearre kritearia wêroan't in model fan weryndieling toetst wurde moast, nammentlik bestjoerskrêftich, lange termyn bestindich, logysk gearhingjend, passend yn grutter ferban op Fryske skaal, omtinken foar wiken, doarpen en kearnen en draachflak. Twa buro's waarden belêste mei dit undersyk. Op 19 juny 2009 ferskynde it rapport 'Undersyk sosjaal-geografyske gearhing', wêryn't de sosjale, kulturele, ekonomyske en geografyske gearhing yn it gebiet ündersocht waard1. Op 31 augustus 2009 folge de rapportaazje 'Undersyk nei gearwurking of weryndieling', wêryn't bestjoerskrêft en farianten foar de takomst fan Boamsterhim ündersocht binne2: selsstannich en gearwurking sykje mei de gemeente Ljouwert mei ien gemeente: Ljouwert, weryndiele mei meardere gemeenten: Ljouwert en It Hearrenfean, weryndiele, mooglik oanfolle mei in lyts tal grinskorreksjes. Yn septimber 2009 binne beide rapportaazjes oanbean oan de rie. Op basis fan dizze rapporten en op basis fan de tige soarchlike finansjele situaasje is doe melden dat it selsstannich fuortbestean fan gemeente Boamsterhim yn feite net realistysk is. De rie fan Boamsterhim besleat dat de bedoelde rapporten frijjün wurde koenen foar in brede gedachtewikseling mei de befolking. Dêrnei binne njoggen praatjünen holden, dêr't in soad belangstelling foar wie. Hoewol't ferskate ynwenners de winsk om selsstannich te bliuwen oan 'e oarder stelden, wienen dizze lüden fier yn de minderheid yn ferliking mei de stimmen dy't fünen dat de gemeente net selsstannich bliuwe moast. It die bliken dat der benammen grutte soarch wie oer it op peil halden fan it foarsjenningsnivo. De opfettings fan bewenners gongen lykop mei düdlike ütspraken oer de oriïntaasje fan har wenplak op in oare gemeente. Ynwenners rjochten har foaral op de weryndielingsfariant mei It Hearrenfean en Ljouwert, mooglik mei inkelde grinskorreksjes. 1 BügelHajema adviseurs 2009: http ://www.boamsterhim.nl/boarnsterhim/incontact/productie/basis/instyle.nsf/Images/Bijlages/$File/Onder z+soc+geogr+samenh+Boarnsterhim.doc.pdf 2 WagenaarHoes 2009: http://www.boamsterhim.nl/boamsterhim/incontact/productie/basis/instyle. nsf/Images/Boarnsterhim/$File/

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 78