09.08.31 +Onderzoek+naar+samenwerking+of+herindeling.pdf De bylden wienen sa gear te fetsjen: It noardwestlik part fan it grungebiet fan de gemeente keas foar it grutste part foar in weryndieling mei Ljouwert. Dêrby kamen in tal winsken op tafel. Sa joech it noardlik part fan dit gebiet oan dat Wergea, Warten, Warstiens en de Aide Feanen yn de takomst byinoar bliuwe moatte soenen en dus mienskiplik ünderdiel fan in nije gemeente wêze moatte soenen. Foar De Lege Geaën joegen de ynwenners oan dat der sprake is fan in stevige oriïntaasje op de hjoeddeiske gemeente Snits. De doarpen Jirnsum en Raerd lieten in oar byld sjen. It südeastlik part fan it grungebiet liet in ütinoar rinnend byld sjen. Terherne keas yn grutte mearderheid foar in opgean yn de gemeente Skarsterlan. Yn Akkrum wie sprake fan ferdieldheid. In wichtich part fan de befolking keas foar tafoeging oan It Hearrenfean. Mar yn Akkrum gongen ek stimmen op dy't wiisden yn de rjochting fan Skarsterlan. Aldeboarn liek in foarkar te hawwen foar oansluting by Opsterlan. By de ynspraakjun foar de koepelorganisaasjes ha de ferskate ynsprekkers oanjün foar it grutste part foarstanner te wêzen fan weryndieling. By de praatjunen is ek gelegenheid jün om kenber te meitsjen wat foaral behalden bliuwe moatte soe as der ta weryndieling besletten wurde soe. Wy neame in tal fan de meast foarkommende winsken: de identiteit fan de doarpen it behald fan de yn de doarpen oanwêzige foarsjennings goede berikberens fan it gemeentebestjoer. Neist dizze reaksjes binne ek noch brieven untfongen fan in tal ynwenners. Dizze brieven binne nei de beslütfoarming fan 15 desimber 2009 beantwurde. Op 15 desimber 2009 spruts de rie fan Boarnsterhim üt it net winsklik te achtsjen dat de gemeente selsstannich fuortbestean bliuwt. Dêrnei hat it kolleezje fan Boarnsterhim mei de kolleezjes fan Ljouwert, Opsterlan, Skarsterlan en It Hearrenfean sprutsen. De fuortgongsrapportaazje yn de rie fan 9 febrewaris 2010 hat laat ta it fersyk om ek mei Tysjerksteradiel en Littenseradiel yn petear te gean. Dêrnei is in neiere ferkenning ütfierd by de gemeenten Ljouwert, Opsterlan, Skarsterlan, It Hearrenfean en Tytsjerksteradiel. Ek ha der meardere petearen west tusken de boargemasters fan Boarnsterhim en fan Snits (eartiids Südwest-Fryslan y.o.). Op fersyk fan de gemeente Smellingerlan hat der in bestjoerlik oerlis west, wêrby't benammen de ekonomyske en toeristyske belangen fan Smellingerlan oan 'e oarder west ha. De rie fan Boarnsterhim hat de mooglik by de weryndieling te beluken gemeenten It Hearrenfean, Ljouwert, Skarsterlan, Tytsjerksteradiel en Opsterlan frege om in position paper yn te tsjinjen. Bysünder omtinken is dêrby frege foar de fisy fan de untfangende gemeente op de relaasje tusken gemeentebestjoer en doarpen. De resultaten üt dizze petearen, tegearre mei de input üt de ynformaasjejünen, de eksterne ündersiken en de position papers ha laat ta in foarstel foar de gebietsyndieling fan de ferskate parten fan Boarnsterhim. Op 24 augustus 2010 is dizze gebietsyndieling foarriedich fêststeid. Yn septimber is dit foarstel iepenbier makke oan alle ynwenners fan Boarnsterhim, wêrby't ynwenners nochris ütnoege binne om har sjochwize kenber te meitsjen. Hjir is mar hiel beheind gebrük fan makke. De sjochwizen binne ferwurke yn in reaksjenota. Op 30 novimber 2010 hat de rie fan Boarnsterhim syn stanpunt oangeande de üteinlike foarm fan de weryndieling (de gebietsyndieling) definityf fêststeid. Dêrne hat de gemeenteried op 22 novimber 2011 it weryndielingsüntwerp fêststeid en op besjen lein. 1.2.2 Foarskiednis gemeente It Hearrenfean De gemeente It Hearrenfean folget de beweging yn it bestjoerlik lanskip fan Fryslan mei omtinken. Yn de neiste omjouwing spylje in soad üntwikkelings. De gemeente yn oprjochting 17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 79