De Friese Meren, de realisearre gemeente Sudwest-Fryslan, de splitsing fan Boarnsterhim en de ütspraken fan de Kommisje fan Wizen twinge It Hearrenfean in fisy te formulearjen op syn posysje. Yn de riedsgearkomste fan 18 novimber 2010 stelde It Hearrenfean trije weryndielingsfarianten foar syn gemeente fêst. De weryndieling fan Boarnsterhim-Süd makke diel üt fan alle farianten. Yn it riedsfoarstel ferwurdet It Hearrenfean de positive grünhalding sa: "Lykas wy dat krektlyn oan de pleatslik belangen fan Boarnsterhim-Süd ütleinen, binne dizze doarpen mear as wolkom yn It Hearrenfean. De toeristyske potinsje fan de doarpen is mar ien fan de redenen wêrom't tafoeging foar It Hearrenfean winsklik is. Ek de kultuerhistoarje en de agraryske en ekonomyske sektoaren fan Boarnsterhim-Süd slute nau oan by It Hearrenfean. It is lykwols oan de rie fan Boarnsterhim om hjir in öfweaging oer te meitsjen. Mei belangstelling wachtet it kolleezje fan It Hearrenfean dêrom de beslutfoarming yn Boarnsterhim of." Yn de maityd fan 2010 fierde It Hearrenfean bestjoerlike petearen mei in öffeardiging fan it kolleezje fan Boarnsterhim. De winsk fan rie en befolking yn Boarnsterhim-Süd om dit part fan it grüngebiet fan Boarnsterhim ta te heakjen oan It Hearrenfean wie Onderwerp fan petear. Op fersyk fan Boarnsterhim stelde It Hearrenfean dêrnei in position paper op, dat op 1 juny 2010 troch it kolleezje fan It Hearrenfean fêststeld waard. Op 22 maart 2011 is de rie fan It Hearrenfean fierder ynformearre oer de tariedings foar de opsplitsing fan Boarnsterhim. Neist in taljochting op de projektorganisaasje waard de rie ek ynformearre oer de konklüzjes fan it artikel-12 rapport Boarnsterhim 2010. Op 27 juny 2011 stimde de rie fan It Hearrenfaen yn mei it prinsipebeslüt weryndieling mei Boarnsterhim. Dêryn joech de rie opdracht oan it kolleezje om (yn 'e mande mei de oare belutsen gemeenten Boarnsterhim, Ljouwert, Skarsterlan en Sudwest-Fryslan) it weryndielingsüntwerp gemeente Boarnsterhim op te stellen en de definitive beslutfoarming oer de weryndieling fan Boarnsterhim ta te rieden. Dit hat der ta laat dat it weryndielingsüntwerp op 22 novimber 2011 troch de ried fêststeld is en op besjen lein is. 1.2.3 Foarskiednis gemeente Ljouwert Folgjend op de ütspraak fan 15 desimber 2009 fan de rie fan Boarnsterhim oer it opjaan fan selsstannigens, hat it kolleezje fan Boarnsterhim begjin 2010 petearen fierd mei bestjoerlik fertsjintwurdigers fan Ljouwert, om te fernimmen hoe't men tsjinoer in mooglike weryndieling mei Boarnsterhim stiet. Ljouwert hat as tarieding op dit petear in position paper opsteld. Yn dizze notysje wurde, neist feiten en sifers, de earste tinzen oer in mooglike weryndieling sketst. Op 20 oktober 2010 hat de rie in mooglike weryndieling mei in part fan de gemeente Boarnsterhim besprutsen. De rie hat doe de fisy op it foarriedige stanpunt fan de gemeente Ljouwert op it foar in part byinoar foegjen fan Boarnsterhim en Ljouwert fêststeld. De rie fan Ljouwert stimde yn mei in fierdere ferkenning troch it kolleezje fan in mooglike weryndieling mei Boarnsterhim. By in oanholden moasje joech de rie oan dat der düdlikens wêze moat oer de finansjele situaasje fan de gemeente Boarnsterhim en de finansjele bydrage yn it ramt fan de artikel 12-status, foardat beslutfoarming plakfine kin. Yn maart 2011 is de rie fan Ljouwert mei in brief ynformearre oer it prinsipebeslüt fan 30 novimber 2010 fan de gemeenterie fan Boarnsterhim, ynklusyf it troch de rie fan Boarnsterhim beëage einbyld foar de gebietsyndieling, it tiidpaad en de tariedings foar de projektorganisaasje. Yn itselde brief wurdt de rie yn it foarütsjoch steld dat de kommende wiken mear ynformaasje beskikber komt oer de finansjele situaasje fan Boarnsterhim en de ütkomsten fan it provinsjaal ündersyk nei de bestjoerskrêft en takomst fan de gemeenten yn Fryslan. Yn it brief wurdt tasein dat sa gau't dizze ynformaasje beskikber is, der in foarstel komt oer de formele meiwurking oan de ütwurking fan it weryndielingsüntwerp. Mei in separate brief is de rie ynformearre oer de konklüzjes üt it rapport fan it ministearje fan BZK oer de artikel 12-status. 18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 80