Op 27 juny 2011 folge dit foarstel en stelde Ljouwert it prinsipebeslut foarstelde weryndieling Boarnsterhim fêst. Dêrmei spruts Ljouwert üt har meiwurking ferliene te wollen oan de foarstelde weryndieling fan Boarnsterhim en joech de rie opdracht ta it opstellen fan in mienskiplik weryndielingsuntwerp. Dêrnei is it weryndielingsüntwerp op 22 novimber 2011 troch de gemeenteried fêststeld en op besjen lein. 1.2.4 Foarskiednis gemeente Skarsterlan Yn de maityd fan 2010 fierde Skarsterlan bestjoerlike petearen mei in öffeardiging fan it kolleezje fan Boarnsterhim. As tarieding op dizze petearen stelde it kolleezje fan de gemeente Skarsterlan op fersyk fan de rie fan Boarnsterhim in position paper fêst, wêryn't it ynsjoch joech yn de posysje fan Skarsterlan yn dit ramt. Nei meardere bestjoerlike kontakten mei Boarnsterhim en foaroerlis oer de winsken sa't dy utere binne troch it doarp Terherne en it gebiet besuden dêrfan, is Skarsterlan yn de maityd 2011 bestjoerlik en amtlik oansletten by de projektorganisaasje dy't belêste is mei de weryndieling fan Boarnsterhim. Omdat de nije füzjegemeente De Friese Meren op dit momint noch gjin realiteit is, is de gemeente Skarsterlan foar dit proses partij. Op 1 jannewaris 2014 krijt de gemeente De Friese Meren de rjochten en ferplichtings fan de gemeente Skarsterlan. De taheakking fan de gemeentlike füzjepartners Gaasterlan-Sleat en Lemsterlan is, foaröfgeand oan de realisaasje fan de weryndieling fan De Friese Meren, belein by de projektorganisaasje foar de fuzje fan De Friese Meren. Op 6 july 2011 hat de rie fan Boarnsterhim ynstimd mei it prinsipebeslut ta grinskorreksje mei de gemeente Boarnsterhim. Yn dit riedsfoarstel motivearret de gemeente Skarsterlan de foarstelde grinskorreksje. It doarp Terherne en it gebiet besuden Terherne oan de südside grinzjend oan de gemeente Skarsterlan en oan west- en eastside begrinze troch respektivelik de Snitsermar en it Hearrenfeanster Kanaal wurde, by grinskorreksje, taheakke oan de gemeente Skarsterlan. Yn it ramt fan de füzje De Friese Meren likegoed as yn it ramt fan de opdieling fan de gemeente Boarnsterhim is it sinjaal öfjün dat Terherne mei tabehearren prima passe soe by de nije gemeente De Friese Meren. De rie waard frege it prinsipebeslut ta grinskorreksje te nimmen en it kolleezje opdracht te jaan ta fierdere ütwurking fan it weryndielingsuntwerp. It letterlike beslüt is sa: 1Mei achtslaan op de Wet Algemene regels herindeling (Arhi) in trajekt te starten dat rjochte is op weryndieling/it taheakjen fan it doarp Terherne en it gebiet besuden Terherne, oan de südside grinzjend oan de gemeente Skarsterlan en oan west- en eastside begrinze troch respektivelik de Snitsermar en it Hearrenfeanster Kanaal by de gemeente Skarsterlan mei yngong fan 1 jannewaris 2014. 2. It kolleezje opdracht te jaan om mei oare belutsen kolleezjes in weryndielingsüntwerp op te stellen foar in riedsbeslüt yn novimber 2011 3. De fraksjefoarsitters of in oars gearstalde delegaasje fanüt de gemeenterie fan Skarsterlan sit nimme te litten yn de klankboerdgroep fan de projektorganisaasje Weryndieling Boarnsterhim. Foar it hifkjen fan draachflak ünder de ynwenners fan Skarsterlan is it beslüt op besjen lein mei de meidieling dat alle ynwenners fan de gemeente ütnoege wurde dêrop te reagearjen. Dêrnei is it weryndielingsüntwerp op 22 novimber 2011 fêststeld troch de ried en op besjen lein. 1.2.5 Foarskiednis gemeente Südwest-Fryslan De gemeente Südwest-Fryslan is mei yngong fan 1 jannewaris 2011 üntstien üt de eardere gemeenten Boalsert, Snits, Nijefurd, Wünseradiel en Wymbritseradiel. Nei eardere bestjoerlike kontakten mei Boarnsterhim yn 2010 en foaroerlis oer de winsken lykas utere troch de doarpen yn it gebiet De Lege Geaën, is Südwest-Fryslan yn de maityd 2011 bestjoerlik en amtlik oansletten by de projektorganisaasje dy't belêste is mei de weryndieling fan Boarnsterhim. 19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 81