Op 23 juny 2011 hat de rie fan Südwest-Fryslan ynstimd mei it prinsipebeslüt ta grinskorreksje mei de gemeente Boarnsterhim. Yn dit riedsfoarstei motivearret de gemeente Südwest-Fryslan de foarstelde grinskorreksje wêrby't doarpen yn it gebiet De Lege Geaën taheakke wurde oan Südwest-Fryslan. De oriïntaasje op Snits en de Onderlinge gearhing fan de doarpen noardeast fan Snits binne dêrby liedend. Yn it riedsfoarstei stelt de gemeente it neikommende foar: 1Mei achtslaan fan de Wet Algemene regels herindeling (Arhi) in trajekt te starten dat rjochte is op grinskorreksje/tafoeging fan it gebiet De Lege Geaën by de gemeente Südwest-Fryslan mei yngong fan 1 jannewaris 2014. 2. It kolleezje opdracht te jaan om mei de oare belutsen kolleezjes in weryndielingsüntwerp op te stellen foar in riedsbeslüt yn novimber 2011 3. De fraksjefoarsitters fanüt de gemeenterie fan Südwest-Fryslan in sit nimme te litten yn de klankboerdgroep. Ta ynformaasjefoarsjenning en it hifkjen fan draachflak is ütgien fan in regulier ynspraaktrajekt foar de hiele gemeente Südwest-Fryslan, wêrby't it prinsipebeslüt en it weryndielingsüntwerp op besjen lein wurdt. Dêrnei is it weryndielingsüntwerp op 22 novimber 2011 troch de gemeenteried fêststeld en op besjen lein. 20

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 82