2. Motiven en achtergrünen weryndielings en grinskorreksjes 2.1 Ynlieding De opsplitsing fan Boarnsterhim hat as doel om foar de mienskip ornearre ek yn de takomst te soargjen foar in robuste en adekwate oanpak fan maatskiplike opjeften op en rünom it hjoeddeistige grüngebiet. Dêrby jildt dat rekken holden wurdt mei de belangen fan de ynwenners fan de gemeente Boarnsterhim en de belangen fan de oare fjouwer gemeenten. Yn dit haadstik wurdt yngien op de achtergrünen en motiven fan de yndividuele gemeenten oangeande de foarnommen gearfoegings en grinskorreksjes. Earst wurdt yngien op lanlike en provinsjale üntjouwings. Dêrnei wurdt de gemeente yngien op mearwearde fan gearfoegings of grinskorreksjes. As léste wurde de foarnommen gearfoegings en grinskorreksjes ütwurke. 2.2 Lanlike üntjouwings De ynrjochting fan it iepenbier bestjoer hat de öfrüne desennia ferskate feroarings trochmakke. It takepakket fan gemeenten is yn de rin fan de jierren ütwreide, de taakferdieling tusken ferskate oerheden ferskoot en de kompleksiteit fan de te behanneljen Onderwerpen is tanaam. Ferskate kommisjes ha har mei dit Onderwerp dwaande holden. Sa stelde de VNG it rapport fan de Commissie Gemeentewet en Grondwet (Commissie van Aartsen) yn 2007 'De eerste overheid' fêst. De grüntoan fan dit rapport is 'wat lokaal kin moat lokaal'. De gemeente wurdt besköge as earste oerheid. Gemeenten moatte har ynsette foar in folweardich, bestjoerskrêftich lokaal bestjoer, dat tarist is foar in yntegraal en substansjeel takepakket. It opskalen fan gemeenten is nedich om de robustens fan it lokaal bestjoer te fergrutsjen. Trije jier letter (yn april 2010) komt de wurkgroep Openbaar Bestuur (wurkgroep Kalden) mei in oar rapport oer de ynrjochting fan it iepenbier bestjoer. De wurkgroep stelt yn har analyze dat skaalfergrutting derta liedt dat gemeenten better by steat binne om taken fan it Ryk en de provinsje - benammen op it sosjale domein - oer te nimmen. Dizze gruttere gemeenten kinne selsstannich har taken ütfiere. Demokratyske legitimaasje is better boarge en bestjoerlike drokte wurdt redusearre. Dér wêr't gearwurking yn it realisearjen fan de maatskiplike opjeften oan 'e oarder is, binne sy better by steat om taakbewust har ferantwurdlikheid yn de keat op har te nimmen. It Regearakkoart 'Vrijheid en verantwoordelijkheid' fan it hjoeddeiske kabinet stelt dat de oerheid allinnich dat docht dat sy dwaan moat, leafst sa ticht mooglik by de minsken. Dêrom stribbet it kabinet nei minder bestjoerlike drokte troch in heldere tadieling fan ferantwurdlikheden en foech. Taken fan it bestjoer wurde op in nivo brocht, dat sa ticht mooglik by de boarger leit. Yn de tekst fan it Bestjoersakkoart 2011-2015 fan VNG, IPO, UvW en Ryk wurdt dizze krêftige, lytse en tsjinstferlienende oerheid konkretisearre. Om ta in doelmjittige taakferdieling te kommen, wurdt in tal taken desintralisearre. Dit giet lykop mei in flinke oerheveling fan budzjetten nei desintrale oerheden: likernöch 8,5 miljard. De boppeneamde üntjouwings liede ta in wiziging fan opfetting oer aard en skaal fan de gemeentlike organisaasje. Yn algemiene sin klinkt de konstatearring dat lytse gemeenten yn de takomst mear en mear muoite önderfine silie om foldwaande bestjoerskrêftich te operearjen en oplossings te bieden oan de ferskate fraachstikken fanut de maatskippij. De rieden fan Boarnsterhim, It Hearrenfean, Ljouwert, Südwest-Fryslan en Skarsterlan binne fan miening dat de foarstelde gearfoegings en grinskorreksjes oanslute by de lanlike trend. 21

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 83