2.3 Provinsjale kontekst De tendins fan skaalfergrutting is net nij yn Fryslan. Al yn 1984 is ünder rezjy fan de provinsje de bestjoerlike ynrjochting fan de provinsje yngripend wizige mei it trochfieren fan in tal weryndielings. De gemeente Boarnsterhim is dêrfan it direkte resultaat. It bestjoerlik lanskip fan de provinsje Fryslan feroaret de kommende perioade: de nije gemeente Südwest-Fryslan is mei yngong fan 2011 üt ein set. De rie fan Boarnsterhim hat it foarnimmen om ta weryndieling fan syn gemeente te kommen ütsprutsen. De gemeenten Skarsterlan, Lemsterlan en Gaasterlan-Sleat ha it foarnimmen ta füzje. Yn Midden- en Noard-Fryslan oriïntearje gemeenten har op har omjouwing. Yn de provinsjale notysje 'Taakbewust Takomstbestindich' (2009) wurdt de kwaliteit fan it lokaal bestjoer underkend as in provinsjale ferantwurdlikheid. It ütgongspunt is dat inisjativen fan Onderop komme moatte. Mooglike weryndielings moatte liede ta in werkenbere en duorsume fersterking fan it Fryske iepenbier bestjoer. Yn de notysje wurdt spesifike oandacht jun oan gefallen wêryn't keazen wurdt foar it opsplitsen fan in gemeente. Der moat tefoaren kommen wurde dat in gebietspart fan de te splitsen gemeente yn bestjoerlike sin ferdreaun rekket. Yn it gefal fan splitsing fan in gemeente of gemeenten sil der tagelyk in oplossing fün wurde moatte foar alle gebietsparten. Yn desimber 2010 jout de provinsje opdracht oan De Kommisje fan Wizen om te kommen ta in motivearre fisy op de takomstige winske bestjoerlike yndieling fan Fryslan. Yn it advys 'Mear boarger, mear bestjoer' (2011) konkludearret de Kommisje fan Wizen dat sy, sjoen de trends oangeande boargers en desintralisaasje, 'skaalfergrutting ününtkomber achtet om ta in takomstbestindige lokaal-bestjoerlike ynrjochting te kommen'. It kolleezje fan DS fan doedestiids hat op grün fan boppeneamd rapport posityf reagearre op de al yn gong setten weryndielingstrajekten fan Boarnsterhim en de Friese Meren. De belutsen gemeenten binne fan miening dat foar de bestjoerskrêft yn de noardlike provinsjes seis en foar fersterking fan de bestjoerskrêft yn regionaal en lanlik perspektyf fersteviging fan de gruttere Fryske stedssintra nedich is. Sa wurde krêftige peteargenoaten op regionaal, lanlik en Europeesk nivo kreëarre. De fersteviging fan de grutte Fryske sintra is ek fan belang om it nedige draachflak te behalden foar allerhanne grutstêdlike en plattelansfoarsjennings en ekonomyske en kulturele aktiviteiten yn Fryslan. 2.4 Motiven foar it opsplitsen fan Boarnsterhim De gemeente Boarnsterhim hat op 15 desimber 2009 ütsprutsen it net winsklik te achtsjen selsstannich fuortbestean te bliuwen. It behald fan selsstannigens is gjin realistysk alternatyf omdat middels en bestjoerskrêft net tarikkend binne om op eigen krêft de opjeften fan it gebiet de holle te bieden. De rie fan Boarnsterhim is ta dy konklüzje kaam op grün fan in fjouwertal haadarguminten: as earste de finansjele situaasje fan Boarnsterhim. Yn 2008 kaam Boarnsterhim ünder previntyf tafersjoch fan de provinsje, foar 2010 is troch Boarnsterhim in artikel 12- oanfraach yntsjinne. De begrutting 2010 sleat mei in tekoart fan 15,3 miljoen wêrfan 3,4 miljoen struktureel en 11,9 miljoen ynsidinteel. Ek de mearjierreraming lit oanmerklike tekoarten sjen dit hinget nau gear mei it twadde argumint, dat him konsintrearret op de foarsjennings. Om yn selsstannigens ta in finansjee! süne hüshalding te kommen easket it Ryk fan de gemeente dat ynkomsten en ütjeften wer in duorsum lykwicht sjen litte. Ynkomsten moatte maksimalisearre wurdt en ütjeften minimalisearre. De kombinaasje fan in heech lêstenivo en in, yn ferliking mei de hjoeddeistige situaasje, fersobere foarsjenningsnivo achte de rie fan Boarnsterhim foar syn boargers en bedriuwslibben net akseptabel 22

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 84