as tredde de lanlike untjouwings wêrby't gemeenten troch desintralisaasje in hieltyd mansker en komplekser takepakket krije. De gemeente Boarnsterhim wurdt konfrontearre mei grutte bestjoerlike en organisatoaryske ütdagings. Bestjoerlik sil it de keunst wêze om goede bestjoerders te finen. Organisatoarysk komme de ütdagings dy't op alle gemeenten lanlik öfkomme, ek op Boarnsterhim öf. Lytse gemeenten reitsje hieltyd mear oanwiisd op gearwurking mei gruttere gemeenten of op de ynhier fan eksterne eksperts. Dit komt de bestjoerlike legitimaasje en amtlike stjoeringsmooglikheden net ta goede, as fjirde de feroarjende bestjoerlike ferhaldings yn de provinsje Fryslan. Gruttere gemeenten sille de takomstige krêftsferhaldings bepale. It is de fraach oft de belangen fan de gemeente Boarnsterhim yn dy krêftsferhaldings noch goed ta har rjocht komme sille. De rie fan Boarnsterhim is fan miening dat de weryndieling sa gau as mooglik needsaaklik is, mei yngong fan 1 jannewaris 2014. De gemeente soarget der mei provinsje en Ryk foar dat it artikel 12-trajekt op de goede wize trochrün wurdt en ófsletten is foar 1 jannewaris 2014. De fierdere üntjouwing fan it gebiet en de oanpak fan de dan foarlizzende opjeften kin yn de nije bestjoerlike yndieling fan it grüngebiet oppakt wurde. Kar foar foarstelde splitsing Oangeande de bestjoerlike yndieling hat de gemeenterie fan Boarnsterhim, nei in yntinsive perioade fan (boarger)riedplachting oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente, in foarstel forntulearre oer de wize wêrop't er syn grüngebiet oerdrage wol. Fêststeld is dat de doarpen Wergea, Warten, Warstiens, Eagum, Idaard, Grou, Reduzum, Jirnsum en Friens yn it noardlik part fan de gemeente diel ütmeitsje sille fan de gemeente Ljouwert. De doarpen Akkrum, Nes en Aldeboarn yn it südlik part fan de gemeente sille diel ütmeitsje fan It Hearrenfean. It gebiet mei de doarpen Raerd, Dearsum, Poppenwier, Tersoal en Sibrandabuorren slüt oan by de gemeente Südwest-Fryslan en it doarp Terherne slüt troch de wei fan grinskorreksje oan by de gemeente Skarsterlan. By it beslüt en de foarstelde tadieling nei de fjouwer belutsen partners is primêr sjoen nei de winsken fan de befolking yn de kearnen, de oriïntaasje fan de kearnen en de maatskiplike en regionale gearhing, lykas troch de befolking belibbe en troch de rie erkend, en lykas nei foaren kaam yn de holden ündersiken en de münlinge en skriftlike reaksjes fan boargers, maatskiplike organisaasjes en bedriuwen. De gemeenterieden fan It Hearrenfean, Ljouwert, Südwest-Fryslan en Skarsterlan sjogge de logika fan dizze ferdieling en slute har oan by it yn Boarnsterhim nommen beslüt. Dêrmei is formeel sprake fan twa gearfoegings (respektivelik It Hearrenfean en Ljouwert) en twa grinskorreksjes (respektivelik Südwest-Fryslan en Skarsterlan). Geografyske ütwurking fan de gearfoegings en grinskorreksjes Foar de geografyske ütwurking fan de gearfoegings en grinskorreksjes is it riedsbeslüt fan de gemeente Boarnsterhim as ütgongspunt naam. Hoewol't der rekken holden is mei de behearaspekten fan de oergeande gebieten, ha dizze net liedend west. Troch de gemeenten wurde hjir meiïnoar ofspraken oer makke. De foarnommen gearfoegings en grinskorreksjes binne geografysk ütwurke oan de han fan twa liedende prinsipes. 1. Primêr wurdt oansletten by logyske en natuerlike grinzen Under logyske grinzen wurdt ferstien: oanslute by besteande doarpsstruktueren; it is net logysk om minsken dy't bining ha mei in bepaald doarp by in oare gemeente - en dus in oar doarp - te foegjen. Dit yn line mei it rapport fan WagenaarHoes besteande barrières oanhalde dy't yn it lanskip bepalend binne en dy't minsken net maklik oerstekke, lykas diken, in spoarline en/of groeven wettergongen fan bepaalde omfang (bygelyks de spoarline Ljouwert-Swolle, de A32 en it Prinses Margrietkanaal).

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 85