Under natuerlike grinzen wurdt ferstien: troch natuer foarme grinzen, lykas wetterrinnen, streamrêgen en/of lanskipstypen. 2. Grinzen binne passend by de lanskipstypen dy'tfanüt lanskipshistoarje te definiearjen binne. grinzen moatte passe by de lanskipstilen dy't, fanut de lanskipshistoarje sjoen, oanwêzich binne. Dizze binne under oare werjün yn de Provinsjale Feroardering en de natuerlike en lanskiplike wearden lykas werjün yn it bestimmingsplan Bütengebiet 2008. Op basis fan dizze liedende prinsipes is by de geografyske ütwurking foar it grutste part oansletten by de besteande doarpsgebietsgrinzen. Dizze binne troch Boarnsterhim de léste kear by riedsbeslüt fan 2 septimber 2008 fêststeld. Dêrby is de sosjale struktuer soarchfaldich boarge; ynwenners dy't har by bepaalde doarpen belutsen fiele, binne ek oan de doarpsgebieten fan dy doarpen tafoege (bygelyks de jachthaven Sneekerhof en Abbenwier dy't by de Snitsermar lizze, mar wol op Jirnsum rjochte binne, krekt as Flansum en de Hegedyk dy't op Raerd rjochte binne en dér ek by yndield binne). Yn in inkeld gefal is hjirfan öfwykt, omdat in besteande natuerlike grins dér oanlieding foar joech. Oangeande de grinzen is wêr mooglik oansletten by grutskalige, rjochte wettergongen. De grins tusken twa gemeenten wurdt yn dy gefallen foarme troch it hert fan de wettergong (bygelyks Prinses Margrietkanaal, Slachtegat, Müzel). It midden fan de wettergong as grins hat as foardie! dat der gjin problemen üntstean oft de wal no wol of net by in gemeente heart (yn guon wetterrinnen lizze noch wolris 'bütendykse gebieten'; as de wal de grins wêze soe liedt dit ta diskusje wat dan de wal is) en dat it oersichtlik is. Allinnich by lytsere wetterrinnen is yn foarkommende gefallen de besteande doarpsgrins oanholden (bygelyks de Krusbrekken; in wettergong sunder düdlik ferrin, net in trochrinnende wettergong mei dudlik begjin- en einpunt). Neist de liedende prinsipes is sekuer sjoen nei behearaspekten lykas rioelearring, it underhald fan diken en bermen of it opheljen fan 5ffal. Hjirfan is fêststeld dat in pragmatyske oanpak, wêrby't de nije gemeenten oer de behearaspekten yn in letter stadium öfspraken meitsje, it meast passend is by de opjeften dy't der binne. Dit is neffens steand belied. De geografyske ütwurking jout gjin oanlieding hjirfan óf te wiken. In detaillearre kaart is opnaam yn taheakke 1. 2.7 Motiven foar gearfoegings De üntfangende gemeenten ha yn ferskate stadia fan it proses motivearre wêrom't sy iepenstean foar de troch Boarnsterhim foarstelde splitsing en hokker mearwearde sy sjogge yn taheakking fan de oergeande gebietsparten oan har gemeenten. It Hearrenfean en Ljouwert ha dit yn essinsje werjün yn har position papers üt 2010. Südwest-Fryslan en Skarsterlan jouwe yn har prinsipebeslüt weryndieling/opdieling Boarnsterhim fan juny respektivelik july 2011 taljochting op har motiven. 2.7.1 Motiven foar gearfoeging mei Ljouwert De gearfoeging fan it noardlik part fan Boarnsterhim mei de gemeente Ljouwert biedt Ljouwert in fersterking fan har posysje. Dêrby jildt dat de ütkomsten fan de holden petearen yn en mei de ferskate doarpen yn Boarnsterhim foar Ljouwert in wichtich ütgongspunt west ha foar fierdere stanpuntbepaling oer begrinzing. De doarpen ha har yn de measte gefallen dudlik ütsprutsen oan hokker buorgemeente sy eventueel tafoege wurde wolle. Dêrneist jildt dat Ljouwert de kombinaasje fan it part fan Boarnsterhim mei de eigen gemeente sjocht as in tige kansryk gebiet. Der binne kansen op it mêd fan rekreaasje en toerisme, bedriuwslibben en posysjonearring. Spesifyk jilde dêrby de folgjende kansen en mooglikheden: 24

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 86