fersterking fan de Stedsregio op de noardlike en lanlike kaart troch in taname fan it ynwennertal. Dit betsjut ek in grutter draachflak foar en demokratyske belutsenens by foarsjennings en kulturele en ekonomyske aktiviteiten it üntstean fan in gemeente mei in moaie kombinaasje fan stêd en plattelan dy't fanüt ien sterke, grutte kearn oanstjoerd wurdt it kreëarjen fan kansen op it mêd fan rekreaasje en toerisme, yn it bysunder yn en by (Grou noard) it wettersportsintrum Grou mei syn bysündere relaasje mei de Pikmar en it Nasjonaal Park De Aide Feanen. mooglikheden foar fersterking fan it bedriuwslibben benammen op it mêd fan wetter(sport). Utwreiding en typearring fan bedriuweterreinen kinne by in gearfoeging yn regionaal ferban besjoen wurde it kreëarjen fan mooglikheden om de sterke punten fan Ljouwert op it mêd fan wettertechnology ut te bouwen, yn profilearring likegoed as yn oare aspekten. It noardlik gebietspart fan Boarnsterhim wurdt troch de belutsen gemeenten yn alle opsichten beskóge as komplemintêr oan inoar. Neist boppeneamde punten is dizze komplemintariteit foar Ljouwert in wichtige motivearring foar it gearfoegjen fan de hjoeddeistige gemeente Ljouwert mei it noardlik part fan Boarnsterhim. 2.7.2 Motiven foar gearfoeging mei It Hearrenfean It gearfoegjen fan it südlik gebietspart fan Boarnsterhim mei de hjoeddeistige gemeente It Hearrenfean biedt kansen foar de ynwenners, bedriuwslibben en organisaasjes fan It Hearrenfean likegoed as Boarnsterhim. De gearfoeging past yn it stribjen fan It Hearrenfean nei duorsum lokaal bestjoer en in bettere ferhalding tusken it tal minsken dat gebruk makket fan regionale foarsjennings yn stêdlike kearnen en it tal ynwenners. It Hearrenfean wol no en yn de takomst in gemeente wêze wêryn't de krêft en dynamyk fan de stêd harmonieus tegearre gean mei de kwaliteit en rêst fan it plattelan. Stribjen foar de gearfoeging is dat de yntegraasje mei behald fan de kwaliteiten en skaaimerken fan de besteande kearnen en sosjale struktueren plakfynt. It gearfoegjen fan it südlik part fan Boarnsterhim mei It Hearrenfean biedt folop kansen en mooglikheden. Spesifyk jilde dêrby de folgjende kansen en mooglikheden: tafoeging fan Akkrum-Nes en Aldeboarn en de dêrby hearrende gebieten is in ferriking foar de kombinaasje fan stêdlike dynamyk mei it plattelan en de karakteristike doarpen yn de gemeente nije kansen üntstean op it mêd fan rekreaasje en toerisme, bygelyks op it mêd fan wettersport yn Akkrum-Nes en it ütbouwen fan de ferbining tusken Oranjewald en De Deelen yn noardlike rjochting wêrmei't in keppeling tusken de Fryske Walden, Oranjewald en it marregebiet ta stan komt de gearfoeging betsjut dat de gemeenten It Hearrenfean en Ljouwert oan inoar grinzje, wêrby't de oanwêzige ynfrastruktuer (dyk, wetter en spoar) nije üntjouwingskansen biedt de toeristyske potinsje fan de doarpen, de kultuerhistoarje en de agraryske en ekonomyske sektoaren fan Boarnsterhim-Süd slute nau oan by It Hearrenfean. Dit kin ütwurke wurde en yn kombinaasje benut wurde. mei it fergrutsjen fan de skaal yn de regio om It Hearrenfean en Boarnsterhim hinne wurdt in stap rjochting duorsum lokaal bestjoer set de taname fan it tal ynwenners mei likernóch 6.000 past yn it stribjen fan It Hearrenfean nei bettere ferhaldings tusken it tal minsken dat gebrük makket fan boppelokale foarsjennings en it tal minsken dat yn de gemeente wennet. It südlike gebietspart fan Boarnsterhim wurdt troch de belutsen gemeenten besköge as passend en oanslutend by de hjoeddeistige gemeente It Hearrenfean. In gearfoeging makket in nije gemeente dy't by steat is syn maatskiplike opjeften robust de holle te bieden.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 87