2.7.3 Motiven foar grinskorreksje mei Südwest-Fryskin De grinskorreksje wêrtroch't it gebiet De Lege Geaën binnen de gemeentegrinzen fan de gemeente Südwest-Fryslan komt te lizzen wurdt troch de gemeente Südwest-Fryslan sjoen as in natuerlike kar. De ynwenners fan De Lege Geaën binne benammen rjochte op de foarsjennings yn Snits. Se dogge har boadskippen dêr, gean nei de toskedokter, it middelber ünderwiis, de bioskoop, swimles, biblioteek ensfh. Troch dizze oriïntaasje ha de ynwenners fan De Lege Geaën in sterke bining mei Snits en fiele har belutsen by de stêd fan de Wetterpoarte. Dêrneist hat de gemeenterie fan Boarnsterhim en de federaasjerie fan de ferienings foar pleatslik belang üt De Lege Geaën de eksplisite winsk ütsprutsen om it gebiet by de gemeente Sudwest-Fryslan te foegjen. De mearwearde fan wjerskanten fan de grinskorreksje komt ta utering yn it stevige draachflak under de ynwenners fan De Lege Geaën, ynklusyf Raerd. De gemeente Sudwest- Fryslan slüt graach oan by de winsk fan it grutste part fan de ynwenners. Dêrmei wurdt in bestjoerlike ienheid realisearre fan De Lege Geaën mei de gemeente wêrop't sy yn haadsaak oriïntearre is, nammentlik Südwest-Fryslan. Hjirtroch krije de ynwenners fan De Lege Geaën mear ynspraak op it belied fan de gemeente wêryn't sy har foarsjennings brüke. As léste slüt it gebiet goed oan by de stéde- en doarpestruktuer fan Südwest-Fryslan, dêr't kearnebelied heech yn it findel stiet. 2.7.4 Motiven foar grinskorreksje mei Skarsterlan Skarsterlan befynt him yn in füzjeproses mei Gaasterlan-Sleat en Lemsterlan ta de nije gemeente De Friese Meren. Op basis fan it brief fan de minister fan BZK sil de Arhi-proseduere fan dizze weryndieling op 1 jannewaris 2014 öfsletten wurde. Skarsterlan stiet fan herte iepen foar de foarstelde ferdieling fan Boarnsterhim, wêrby't Terherne en omjouwing oan de gemeente taheakke wurdt. Ranebetingst is dat it weryndielingsproses mei Lemsterlan en Gaasterlan-Sleat net fersteurd wurdt. Yn it ramt fan de füzje De Friese Meren likegoed as yn it ramt fan de opdieling fan de gemeente Boarnsterhim is it sinjaal öfjün dat Terherne mei tabehearren goed past by de nije gemeente De Friese Meren. It grutste part fan de befolking fan Terherne hat him ütsprutsen foar tadieling oan Skarsterlan. Dizze kar wurdt motivearre troch de sterke oriïntaasje fan de ynwenners fan Terherne op De Jouwer en it karakter fan de plattelansgemeente. Sjoen fan de gemeente Skarsterlan üt past Terherne mei tabehearren hiel goed yn it profyl fan Skarsterlan likegoed as De Friese Meren y.o. Tafoeging fan Terherne leveret in positive bydrage oan fersterking fan it profyl fan Skarsterlan: in krêftige plattelansgemeente mei in kwalitatyf goede leefomjouwing, in agrarysk karakter, in sün bedriuwslibben en in toeristysk-rekreatyf nijsgjirrich gebiet. De hjoeddeistige gemeente Skarsterlan (en aanst ek de nije gemeente De Friese Meren) ha in brede ünderfining op it mêd fan de üntjouwing fan wettersportsintra en it benutten fan de kansen op it mêd fan (wetter)rekreaasje. Terherne sil hjir syn foardiel mei dwaan kinne. Tafoeging fan Terherne biedt ekstra mooglikheden oan Skarsterlan foar fersterking fan de profilearring as wettersportgemeente. 26

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 88