3. Takomstfisy foar it gebiet 3.1 Ynlieding De twa foarnommen gearfoegings ha as gefolch dat der mei yngong fan 1 jannewaris 2014 twa nije gemeenten üntstean. De nije gemeente Ljouwert sil 104.995 ynwenners ha, hat in oerflak fan 167,15 km2 en bestiet üt totaal 19 kearnen. De nije gemeente It Hearrenfean hat 50.020 ynwenners, hat in oerflak fan 198 km2 en hat 21 kearnen. Dizze nije gemeenten biede mearwearde foar alle ynwenners en bedriuwen fan de nije gemeenten. Dizze mearwearde wurdt omskreaun yn dit haadstik. Neist de twa gearfoegings is der sprake fan twa grinskorreksjes. Dizze liede derta dat de gemeente Südwest-Fryslan mei yngong fan 1 jannewaris 2014 83.945 ynwenners telt, 509,19 km2 beslacht en totaal 74 kearnen hat. Dit betsjut in taname fan 1.695 ynwenners, 28,4 km2 en 5 kearnen. Foar de gemeente De Friese Meren jildt dat dy mei yngong fan 1 jannewaris 2014 bestiet ut 51.447 ynwenners, 549,06 km2 en totaal 51 kearnen hat. Dit betsjut in taname fan 815 ynwenners, 9,48 km2 en 1 kearn. Yn dit haadstik wurdt in takomstfisy op de twa nije gemeenten It Hearrenfean en Ljouwert ütwurke. Ek wurdt koart stilstien by de nije situaasje foar Südwest-Fryslan en Skarsterlan. It giet hjir om takomstfisys dy't op haadlinen rjochting jouwe. Romte, wenje, wurkje, rekreaasje, foarsjennings en doarpen binne de weromkommende eleminten. 3.2 Fryske taal en kultuer Mei it each op it persintaazje Frysktaligen yn de gear te stallen gemeenten en it omtinken foar de Fryske taal yn de gemeenten oer it generaal sil der in aktyf taalbelied fierd wurde om de Fryske taal en kultuer te fersterkjen. De rieden fan de fjouwer gemeenten halde har eigen ferantwurdlikens en frijheid om dizze fisy nei de füzjedatum fierder yn te kleurjen. 3.3 Noardlik part Boarnsterhim - Ljouwert Skaaimerken fan it gebiet It giet om it gebiet noardwestlik fan it Prinses Margrietkanaal mei de doarpen Grou, Jirnsum, Reduzum, Friens, Idaard, Eagum, Wergea, Warten en Warstiens. Ek de Aide Feanen en De Burd hearre by it gebiet dat diel ütmeitsje sil fan de nije gemeente Ljouwert. Oan de eastkant grinzet it gebiet oan de gemeenten Tytsjerksteradiel en Smell ingerlan, oan de westkant oan de gemeente Littenseradiel en de gemeente Südwest-Fryslan en oan de südkant oan de begrinzing fan de nije gemeente It Hearrenfean. De rykswei A32 en de spoarline Ljouwert - It Hearrenfean - Swolle trochkruse it gebiet yn noard-süd rjochting. It Prinses Margrietkanaal rint fan südwest nei noardeast troch it gebiet. It gebiet karakterisearret him as in lanbougebiet mei benammen grutskalige lanbou. Troch it Nasjonaal Park De Aide Feanen en it gebiet om Grou hinne (Pikmar, Peanster Ie en Wide Ie) is it ek in toeristysk rekreatyf oantreklik gebiet. 27

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 89