Romtlik It gebiet dat by Ljouwert foege wurdt foarmet in natuerlik ferfolch op it gebiet besuden de N31 dat ek as agrarysk gebiet typearre wurde kin. Duorsumens en romtlike kwaliteit binne wichtige tema's yn it gebiet. De N31 en de noch oan te lizzen Heak om Ljouwert foarmje in logyske begrinzing fan it stêdlike gebiet mei it lanlik gebiet. De berikberens tusken it noardlik part fan Boarnsterhim en Ljouwert is oer dyk, wetter en spoar poerbêst. Plannen fan Ljouwert en Boarnsterhim foar nije ferbinings (benammen toeristysk-rekreatyf) sille yn oerienstimming brocht wurde. Ljouwert profilearret him as stêd fan wettertechnology. De gearfoeging mei wetterrike doarpen as Grou en it Nasjonaal Park De Aide Feanen is in ferriking en biedt nije kansen. Omdat ek it gebiet De Grutte Wielen by Ljouwert heart is der yn de nije gemeente in soad underfining mei behear en ünderhald fan sokke gebieten. De oansluting fan it stêdlik gebiet op it lanlike en wetterrike gebiet fan Grou likegoed as de Aide Feanen biedt kansen foar toeristyske bedriuwen en nije fyts- en sloeperutes. Wenje Hjoeddeistige wentebouplannen yn Ljouwert en Boarnsterhim binne yn goed oerlis opinoar ófstimd (Stedsregio). Gearfoeging fergruttet it ferskaat oan wenmooglikheden (doarpswenjen, stêdlik wenjen, wenje oan it wetter) wêrtroch't de oantreklikheid fan de nije gemeente tanimme sil. Wurkje Ljouwert is de banemotor fan Fryslan. De saaklike en finansjele tsjinstferliening is in wichtige boarne fan wurkgelegenheid. It noardlik part fan Boarnsterhim is wat wurkgelegenheid oanbelanget oriïntearre op Ljouwert. Wichtich is dat bedriuweterreinen yn it nije gebiet opinoar öfstimd wurde. Dêrby sil benammen omtinken jün wurde oan it benutten fan de geunstige betingsten foar de festiging fan wettersportbune bedriuwsaktiviteiten op it bedriuweterrein Frisia. De lanbou hat in liedende posysje yn it lanlik gebiet. Gearfoeging betsjut in ferbreding fan it ekonomysk profyl fan de nije gemeente Ljouwert. De toeristyske en rekreative kwaliteiten fan de doarpen en it Nasjonaal Park De Aide Feanen, lanbou en (wetterbüne) bedriuwen binne in wichtige ynfolling. Rekreaasje en toerisme Mei de tafoeging fan de doarpen en De Aide Feanen wurdt it toeristysk en rekreatyf oanbod yn de nije gemeente Ljouwert ütwreide en ferrike. Foaral it op wettersport rjochte Grou en it Nasjonaal Park De Aide Feanen foarmje in weardefolle oanfolling op de grutte wettersportfoarsjennings yn it hert fan de stêd. Foarsjennings De ynwenners fan it by Ljouwert te foegjen gebiet binne no al oriïntearre op Ljouwert as it giet om boppelokale foarsjennings lykas kultuer, skoallen, sünenssoarch. It draachflak foar dizze foarsjennings sil grutter wurde. Mei it weromrinnen fan it tal jongeren en de fergrizing sil yn de takomst yn gearhing besjoen wurde moatte wat dit betsjut foar de lokaasje fan ferskate funksjes lykas sport, ünderwiis en soarch.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 90