Doarpebelied De gemeente Ljouwert is no al gemeente fan stêd én doarpen. Doarpen en doarpsbelangen kinne rekkenje op goed relaasjebehear, op goede ynformaasje en op in budzjet op basis fan in doarpsfisy. 3.4 Sudlik part Boarnsterhim - It Hearrenfean Skaaimerken fan it gebiet It gebiet kin karakterisearre wurde as lanbougebiet, leechfean iepen lanskip dêr't foaral melkfeehalderij bedriuwen festige binne. De rykswei A32 en de spoarline Ljouwert - It Hearrenfean - Swolle trochkruse it gebiet yn noard-süd rjochting. It gebiet wurdt oan de noardside begrinze troch wetter (it Prinses Margrietkanaal, Nije Diel, Wide Diel, Wide Ie) en fan west nei east dwers troch it gebiet rint de Meinesleat nei Akkrum-Nes en De Boarn fan Nes nei Aldeboarn. Grinzjend oan de sudside fan it gebiet besuden Aldeboarn leit it natuergebiet De Deelen wêrfoar't yn it ramt fan Natura 2000 in behearplan fêststeld is. By de eastkant fan it gebiet lans leit in sykgebiet foar in ekologyske ferbining tusken De Deelen en de Aide Feanen. De gerslannen ha in funksje foar greidefugels en foerazjearjende guozzen. Grinzjend oan de westside fan it gebiet leit it doarp Terherne en oan de noardside Grou. Romtlik De lanskiplike struktuer yn en om de gemeente It Hearrenfean karakterisearret him troch de opbou fan ferskate lanskipstypen yn east-west rjochting lizzende stripen fan deksanrêgen en beekdelten. De oansluting op it lanskip fan it marregebiet yn it sudlik part fan Boarnsterhim foarmet in prachtige oanfolling op de öfwikseling fan iepen en besletten gebieten en de rykdom fan de ferskate lanskipstypen. De ferbining tusken Oranjewald en De Deelen, kin fierder ütboud wurde yn noardlike rjochting wêrmei't in keppeling tusken de Fryske Walden, Oranjewald en it marregebiet ta stan komt. Neist it lanskip is de oanwêzigens fan in grut tal lytsere en gruttere doarpen mei elk in eigen (kultuerhistoaryske) identiteit, tegearre mei de stêdlike dynamyk fan It Hearrenfean, bepalend foar de hjoeddeistige identiteit. Mei de tafoeging fan Akkrum-Nes en Aldeboarn as kearnen mei har spesifike kwaliteiten, untstiet in ferriking fan it mearkleurich palet. De oanwêzigens fan in sterk op it wetter rjochte romtlike struktuer biedt nije kansen: de keppeling mei wettersport yn it gefal fan Akkrum-Nes, by Aldeboarn de kwaliteit as karakterfol doarp oan it wetter mei kultuerhistoaryske kwaliteiten. Wenje Nijbou fan wenten yn de gemeente It Hearrenfean wurdt konsintrearre yn it plak It Hearrenfean en de gruttere doarpen yn de gemeente. Yn de rest fan de gemeente giet it allinnich om (lytse) ynsidintele wentebou. Kwa wenmiljeus giet it yn grutte halen om suburbaan wenjen yn Skoatterwald, stêdlik wenjen yn it sintrum en doarpswenjen foaral rjochte op de autonome groei yn de doarpen. Wenje oan it wetter is in nijsgjirrige tafoeging dy't troch de weryndieling yn it berik fan It Hearrenfean komt. Enerzjysunich wenjen hat kommende jierren omtinken. Yn it ramt fan de weryndieling sil yn it nije gebiet it aksint foaral komme te lizzen op kwaliteitsferbettering fan de wentefoarrie. Wurkje De kearn It Hearrenfean is in wichtige ekonomyske motor yn de Fryske ekonomy. It Hearrenfean hat okkerdeis besletten in tal foarnommen bedriuweterrein üntwikkelings te skrassen. Undersocht wurdt oft der ferlet is fan in (lytsskalige) wen-wurklokaasje. Hjirby sille de mooglikheden foar fierdere untjouwing fan it bedriuweterrein Spikerboor yn Akkrum besjoen wurde. Foar bedriuwen dy't har utwreidingsferlet net op eigen terrein realisearje kinne, sil wêr 29

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 91