mooglik besocht wurde maatwurk te leverjen yn besteande gebouwen. Ek binne der genöch mooglikheden op de besteande bedriuweterreinen op It Hearrenfean of earne oars. De agraryske bedriuwen yn it iepen greidelanskip binne in sterk gebietsskaaimerk. Om de kontinuiteit by it agrarysk bedriuwslibben te boargjen is op de langere termyn ferbettering fan de lanboustruktuer winske. Rekreaasje en toerisme Mei de tafoeging fan Akkrum-Nes en Aldeboarn wurdt it toeristyske en rekreative oanbod yn de gemeente It Hearrenfean mei klam ütwreide en ferrike. Foaral de wettersport rjochte op Akkrum-Nes en de Steande Mêst farrüte foarmje weardefolle oanfollings. De gemeente set sterk yn op it stimulearjen fan ündernimmersgearwurking. Detailhannel en foarsjennings De bewenners fan Akkrum-Nes en Aldeboarn binne no al foaral oriïntearre op It Hearrenfean as it giet om foarsjennings lykas (boppelokale) winkels, ünderwiis en kultuer. Yn it (winkel)sintrum fan It Hearrenfean wurdt benammen ynset op in kwaliteitsympuls (om de hjoeddeistige regionale funksje fan it sintrum te hanthavenjen en mooglik te fersterkjen). Yn de wyksintra en yn de doarpen leit it aksint op it hanthavenjen fan besteande (detailhannel)foarsjennings dy't bydrage oan de leefberens. Lokale inisjativen op dit mêd wurde fasilitearre (sjoch ek 'doarpebelied' hjiründer). Doarpebelied De léste jierren hat de gemeente It Hearrenfean in proses opstart en begelaat wêrby't alle doarpen yn de gemeente in eigen doarpsfisy opsteld ha. De doarpen üt Boarnsterhim kinne hjirby oanslute. Hjirby heart ünder oare de doarpsaginda fan projekten dy't of ünder de ferantwurdlikens fan de bewenners sels of fan de gemeente (of yn kombinaasje) ütfierd wurde sille. De gemeente hat in funs beskikber steld dat doarpsoerstiigjende projekten en projekten 'yn eigen doarp' meifinansieret. De ynstek by de doarpsfisys is dat de doarpen seis rezjyfierder en lüker binne en de gemeente stipet. 3.5 De Lege Geaën - Südwest-Fryslan It gebiet eastlik en noardeastlik fan Snits wurdt oantsjutte as "De Lege Geaën", de lege gebieten. Dit gebiet is ferparte oer de gemeenten Boarnsterhim en Südwest-Fryslan. De Lege Geaën omfettet de doarpen Poppenwier, Tersoal en Sibrandabuorren. De doarpen Dearsum en Raerd binne oan dit gebiet tafoege omdat sy mei klam oanjün ha as groep doarpen oer te wollen nei Südwest-Fryslan. Op basis fan de üntsteanswize en de üntjouwingsskiednis hat it gebiet de lanskipstypen terpegebiet en marregebiet. De Lege Geaën hat as rêchbonke it oanslutende bebouwingslint Gau - Sibrandabuorren - Tersoal - Poppenwier en kin sa beskóge wurde as in gearhingjend gebiet. Dizze rêchbonke foarmet ek de sichtbere skieding fan de lanskipstypen. Op koarte ófstan foarmet de Aldfeart, ek parallel lizzend oan it lint fan De Lege Geaën, in wetterferbining mei histoaryske betsjutting. De Aldfeart draacht sa, ek yn histoarysk perspektyf, by oan de gearhing. De gemeente Boarnsterhim ünderhaldt benammen relaasjes mei trije (Ljouwert, It Hearrenfean en Snits) neistlizzende stêdlike gemeenten. De ferskate parten yn de gemeente binne, fanwege de sintrale lizzing, elk op ien fan dizze plakken rjochte. De Lege Geaën, ynklusyf Dearsum en Raerd binne benammen oriïntearre op Snits. De oriïntaasje is goed werom te sjen yn de sprieding fan hüs-oan-hüsblêden, kar arbeidsplak, skoallen en winkelgedrach net-deistige ynkeapen. De Lege Geaën hat oer de dyk in prima ferbining mei Snits fanwege de goede oansluting (N354), dy't parallel rint oan it lint fan De Lege Geaën. Troch de direkte lizzing oan de dyk ha ek Dearsum en Raerd in poerbêste ferbining mei Snits oer de dyk. Raerd leit dêrby ek yn it ferlingde fan De Lege Geaën en kin as ütrinner fan it gebiet beskóge wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 92