De gemeente Südwest-Fryslan bestiet üt 69 doarpen en stéden. Om de leefberens yn de kearnen te behalden en as it mooglik is te fersterkjen hat de gemeente in kearnebelied. It tafoegjen fan de fiif doarpen fan De Lege Geaën oan Südwest-Fryslan hat as gefolch dat dizze doarpen fan De Lege Geaën wer byinoar hearre en under ien bestjoerlike entiteit falie. De underfinings mei lytse kearnen yn Südwest-Fryslan biede foar De Lege Geaën kansen foar it boargjen fan in fitale, sterke en solidêre mienskip dêr't boargers inoar stypje. In spesifyk aspekt binne de grünen tusken De Lege Geaën en de Snitsermar. Dizze grünen wurde trochsnijd troch de dyk fan Offenwier nei Jirnsum. Dizze dyk is in wichtige rüte as lokale üntsluting fan it Snitsermargebiet. Troch it tafoegjen oan de gemeente Südwest-Fryslan kin in gearhingjende oanpak foar sprieding fan de ferkearsdruk realisearre wurde. Terherne - Skarsterlan Terherne leit oan de südwestkant fan de gemeente Boarnsterhim, op koarte öfstan fan de grutte plakken Snits en De Jouwer. De lizzing oan de Snitsermar, de Goaiïngarypsterpuollen en de Terkaplesterpouolen draacht by oan de rekreative betsjutting fan it doarp. Terherne is it wettersportdoarp by ütstek en foaral bekend fanwege de lizzing yn it hert fan it wettersportgebiet fan Fryslan, de wenkwaliteiten en de tradysje op it mêd fan de toeristyske sektor. De doarpskearn Terherne foarmet oan de eastkant fan de Snitsermar it rekreatyf swiertepunt. De kearnen yn Boarnsterhim binne op ünderskate wize rjochte foar saken as de sprieding fan hüs-oan-hüsblêden yn de gemeente, de kar foar arbeidsplak, soarch, ünderwiis en it winkelgedrach. Terherne is op basis fan dizze skaaimerken benammen oriïntearre op De Jouwer. De tafoeging fan Terherne oan de gemeente Skarsterlan leveret in positive bydrage oan it profyl fan dizze gemeente: in krêftige plattelansgemeente mei in kwalitatyf goede leefomjouwing, in agrarysk karakter, in sün bedriuwslibben en in toeristysk rekreatyf nijsgjirrich gebiet. It taheakjen fan Terherne oan Skarsterlan liedt ta in gearhingjend gebiet fan gruttere en lytsere marren (eastkant Snitsermar, Terkaplesterpuollen, Goaiïngarypsterpouolen) dy't yn haadsaak oanslute by grüngebiet fan de gemeente Skarsterlan. Fersterking fan profilearring as wettersportgemeente (Skarsterlan is op it stuit al de gemeente mei it measte binnenwetter fan Fryslan binnen har grinzen) leit troch in tafoeging fan Terherne un 'e reden. De weryndieling ta de gemeente Fryske Marren en de taheakking fan Terherne liedt ta goede mooglikheden foar in düdlikere profilearring op it mêd fan wettersport en biedt kansen foar in öfstimd en differinsjearre oanbod fan foarsjennings.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 93