Toetsing oan Beliedskader Gemeentlike Weryndieling Ynlieding It Ryk spilet as wetjouwer in wichtige rol op it mêd fan gemeentlike weryndieling. Op 3 april 2009 hat de eardere steatssekretaris fan Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties it fernijde Beliedskader Gemeentlike Weryndieling oan de Twadde Keamer stjoerd. Dit beliedskader jout ynhaldlike en prosesmjittige kaders oan foar gemeentlike weryndieling. By de beoardieling fan in weryndielingsfoarstel leit foar de wetjouwer de klam op de prosesmjittige toets. De ferantwurdlikens foar in ynhaldlike toets leit mei klam by de provinsje. Yn it fernijde beliedskader gemeentlike weryndieling binne hanfetten opnaam om dizze ynhaldlike toets troch de provinsje better ynfolje te kinnen. Om beoardiele te kinnen of en op hokker wize op basis fan in weryndielingsadvys wetjouwing yn tarieding naam wurdt, toetst de provinsje elk weryndielingsadvys under mear oan seis kritearia. Dêrby is yn it beliedskader oanjün dat yn konkrete situaasjes kritearia meiïnoar konfliktearje kinne of dat der ütinoar rinnende konklüzjes lutsen wurde kinne troch de belutsen gemeenten oer it tapassen fan ien kritearium. Yn dat gefal sil dus in öfweaging makke wurde moatte tusken dy kritearia, respektivelik tusken de stanpunten en belangen fan de belutsen gemeenten. It beliedskader gemeentlike weryndieling hat de neikommende kritearia op basis wêrfan't in weryndielingsfoarstel beoardield wurdt: 1Draachflak: hjirby wurdt ünderskie makke tusken bestjoerlik en maatskiplik draachflak op lokaal nivo en bestjoerlik draachflak op regionaal nivo. Ek wurdt ünderskie makke tusken de easken dy't oan draachflak steld wurde yn gefal fan in weryndieling op inisjatyf fan gemeenten en op inisjatyf fan provinsjes. 2. Bestjoerskrêft: de nij te foarmjen gemeente moat by steat wêze syn maatskiplike opjeften op te pakken en wetlike taken adekwaat te ferfoljen, wêrby't rjocht dien wurdt oan en yn it belang fan syn maatskiplike omjouwing. 3. Duorsumens: de gemeente moat tarist wêze foar in langere perioade en net ynkoarten wer yn in weryndielingsdiskusje reitsje. 4. Ynterne gearhing: de nij te foarmjen gemeente moat in logyske ynterne gearhing ha dy't identiteit jout (sosjaal, kultureel, ekonomysk ensfh.) oan de nije bestjoerlike ienheid. 5. Regionale gearhing en lykwicht: de nije gemeente moat in bestjoerlike partner wêze dy't by steat is om (yn gearhing mei oare gemeenten, yntergemeentlike gearwurkingsferbannen en de provinsje) in mearwearde te leverjen by it oppakken fan regionale opjeften en taken. 6. Planologysk romteferlet: as sokke romtlike knooppunten üntstean dat dy troch gearwurking net op te lossen binne dan kin dit in kritearium wêze. De nije gemeente moat dêrom in antwurd jaan op romtlike knooppunten of dizze yn alle gefallen net slimmer wurde litte of üntstean litte. It beliedskader stelt dat boppesteande kritearia allinnich jilde foar gemeentlike gearfoegings. Foar gemeentlike tafoegings of grinskorreksjes hoege dizze net ütwurke te wurden om te toetsen. Yn de neikommende paragraaf wurdt oanjün op hokker wize de gemeenten dy't üntstean troch de twa gearfoegings (respektivelik It Hearrenfean en Ljouwert) foldogge oan de boppeneamde kritearia.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 94