Under bestioerlik draachflak by weryndieling op inisjatyf fan gemeenten wurdt ferstien de demokratyske legitimaasje fan dizze foarstellen oan de han fan de beslutfoarming yn de gemeenterieden fan de belutsen gemeenten. Hjiroan is foldien mei de besluten fan de gemeenterieden (op 22 novimber 2011) om sels fuortdaliks de tarieding te treffen foar it üt ein setten mei in saneamde 'Arhi-proseduere' mei as doel mienskiplik te kommen ta de opsplitsing fan Boarnsterhm troch de wei fan twa gearfoegings en twa grinskorreksjes mei yngong fan 1 jannewaris 2014, en ek om uterlik mei yngong fan 1 maaie 2012 it weryndielingsadvys fêst te stellen en dizze oan te bieden oan de Provinsje Fryslan. As de rieden it weryndielingsadvys fêststeld ha, tsjut dit op bestjoerlik draachflak foar it weryndielingsfoarstel. By it bepalen fan it maatskiplik draachflak foar gemeentlike weryndieling jildt it ütgongspunt dat gemeenten sels ferantwurdlik binne foar it beluken fan de ynwenners en oare belanghawwenden by it weryndielingsproses. Oan dit kritearium wurdt foldien wannear't de gemeenten har ynspanne om de ynwenners te beluken by it proses. Boarnsterhim hat yn dat ramt in yntinsyf en wiidweidich trajekt trochrün mei syn befolking. Dit hat ta düdlik ynsjoch yn de foarkarren fan de befolking laat: Fierwei de measte kearnen ha har düdlik ütsprutsen foar oansluting by ien fan de fjouwer by dizze splitsing belutsen gemeenten. Ek hat it kolleezje fan Boarnsterhim ferkennend foarwurk dien by syn buorgemeenten, om de weryndielingsfarianten mei in sa grut mooglik draachflak yn byld te bringen. In taljochting op de toetsing fan it draachflak yn de fjouwer omlizzende gemeenten is opnaam yn taheakke 3. De yntsjinne sjochwizen, ynklusyf wat hjirmei dyn is, binne opnommen yn haadstik 6 en bylage 4. It tredde draachflakkritearium is regionaal draachflak. In gemeentlike weryndieling hat ynfloed op it belied fan omlizzende of oanbuorjende gemeenten en op bestjoerlike ferhaldings yn de regio. Oan regionaal draachflak is foldien wannear't omlizzende of oanbuorjende gemeenten by steat achte wurde har sjochwize te jaan op in foarnommen weryndieling en de motiven fan it weryndielingsproses taljochte wurde, as soks frege wurdt. De omlizzende en oanbuorjende gemeenten binne nei it fêststellen fan it weryndielingsüntwerp op 22 novimber 2011 yn de gelegenheid stelt om harren sjochwizen kenber te meitsjen. Twa gemeenten hawwe reagearre. De reaksjes binne opnommen yn de reaksjenota, sjoch bylage 4. Bestjoerskrêft De nije gemeenten moatte oer it fermogen beskikke om foldwaande bestjoerskrêft te üntwikkeljen op amtlik en bestjoerlik nivo. De provinsjehaadstêd Ljouwert en de sintrumgemeente It Hearrenfean foarmje as grutte Fryske stéden al bestjoerskrêftige entiteiten yn de provinsje Fryslan. De foarstelde tadieling fan de gebietsparten fan Boarnsterhim oan Ljouwert en It Hearrenfean draacht by oan it behalden en fierder üntjaan fan duorsum bestjoerskrêftige gemeenten. Gemeenten dy't antwurd jaan kinne op stêdlike en maatskiplike fraachstikken, in passende öfstan tusken boarger en bestjoer kombinearje kinne mei in goede foarmjouwing fan desintrale boargerpartisipaasje, en dy't har taken, ferantwurdlikheden en foech wiermeitsje kinne. De foarstelde gebietstadieling biedt Ljouwert en It Hearrenfean perspektyf om har organisaasjes troch te üntwikkeljen ta organisaasjes dy't de prosesrezjy en it hannelingsrepertoire ha dy't passe by de opjeften fan it gebiet. Ek draacht de foarstelde tadieling fan de gebietsparten fan Boarnsterhim by oan in robust bestjoerlik lanskip, dat yn regionale kontekst har rol wiermeitsje kin en ferantwurdlikens drage kin foar de üntjouwing fan de regio.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 95