By dit toetspunt moat Onderhoud wurde dat troch weryndieling de bestjoerskrêft sa fersterke wurdt dat der fitale gemeenten üntstean dy't de taken op middellange termyn selsstannich oankinne. Ljouwert en It Hearrenfean ha, as gemeenten mei in gruttere omfang, al in amtlik apparaat dat sa robust is dat der sünder mear konkludearre wurde kin dat sy foar langere tiid by steat binne te beantwurdzjen oan har taken, ferantwurdlikheden en de utdagings dêr't sy mei te krijen ha. De foarstelde tadielings oan Ljouwert en It Hearrenfean biede beide gemeenten de mooglikheid om har fierder te üntwikkeljen as profesjonele en robüste amtlike organisaasjes, wêrby't effisjinsje, objektive beliedskarren en de bondeling fan ekspertise liedt ta de winske kwaliteit fan tsjinstferliening. Mei it each op de urginsje fan de fraachstikken op it grüngebiet fan Boarnsterhim kieze Ljouwert en It Hearrenfean derfoar om no stappen te setten. It feroaret net dat beide gemeenten yn de (heine) takomst mei üntjouwings yn har omjouwing konfrontearre wurde. Dit freget fan dizze gemeenten dat sy op bestjoerlik, gearwurkings- en weryndielingsmêd iepen en üntfanklik operearjen bliuwe, ek yn de jierren nei de weryndieling mei Boarnsterhim. Foar beide gemeenten jildt dat de foarstelde tadieling fan de gebietsparten bydraacht oan in bettere balans tusken ferstedske gebiet en plattelan. Dit hat Onder oare positive gefolgen foar it draachfermogen foar de foarsjennings. De nije skaal fan de gemeenten slut gearwurking net ut. Krektoarsom, om oan de lokale en boppelokale opjeften te foldwaan bliuwt yntinsive gearwurking mei mei-oerheden needsaaklik. Dêrneist stelle de gemeenten Ljouwert en It Hearrenfean har op it stanpunt dat ek yn de (heine) takomst in berop dien wurde kin op har dragende posysje yn de regio en slute se takomstige ütwreidings op foarhan net üt. Ynterne gearhing Op basis fan dit kritearium wurdt beoardield oft de nije gemeente in logyske gearhing hat. De beskriuwing fan de nije gemeenten makket dudlik dat it karakter fan de hjoeddeistige gemeenten goed opinoar oanslüt. By de opdieling fan de gemeente Boarnsterhim hat de sosjaal- geografyske oriïntaasje fan de bewenners as it giet om wurkjen, foarsjennings en rekreëarjen in krusjale rol spile. De ferbinings yn de nije geografyske ienheden oer dyk, wetter, spoar en op 'e fyts binne goed en spylje in wichtige rol yn de sosjaalgeografyske oriïntaasje. Fanüt fysyk, histoarysk-geografysk en funksjoneel eachpunt binne der sterke relaasjes tusken Boarnsterhim en de gemeente Ljouwert, It Hearrenfean, Südwest-Fryslan en Skarsterlan. Terherne is in wettersportkearn by ütstek en is primêr oriïntearre op Skarsterlan. It doarp Warten is foar foarsjennings en wurk sterk oriïntearre op Ljouwert. De Ekologyske Haadstruktuer rint troch De Aide Feanen nei De Grutte Wielen. Fanüt toeristysk rekreatyf perspektyf besjoen is der in sterke relaasje tusken it doarp Warten en De Aide Feanen. Dit jildt noch mear foar de toeristyske rekreative üntjouwing fan Grou. Dit hiele gebiet is ek tige komplemintêr oan de manske stêdlike wettersportfoarsjennings fan Ljouwert. Regionale gearhing en lykwicht Dit kritearium giet yn op de fraach oft troch de foarming fan de nije gemeenten goede regionale ferhaldings üntstean en it takomstperspektyf fan omüzzende gemeenten net neidielich beynfloede wurdt. Yn Fryslan is okkerdeis troch de foarming fan de nije gemeente Südwest-Fryslan in grutte nije gemeente üntstean. De opsplitsing fan Boarnsterhim en foarstelde tadieling fan de gebietsparten slüt oan by de yn gong sette trend fan gemeentlike skaalfergrutting yn de provinsje Fryslan.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 96