Opskaling fan gemeenten wurdt needsaaklik achte fanwege de oerheveling fan taken fan Ryk nei gemeente (desintralisaasje), tanimmende effisjinsjedruk en om in adekwate kwaliteit fan tsjinstferliening oan boargers en bedriuwen leverje bliuwe te kinnen. Troch de opdieling fan Boarnsterhim wurdt benammen de posysje fan Ljouwert as haadstêd en It Hearrenfean as sintrum fersterke. Foar Südwest-Fryslan en Skarsterlan giet it om logyske, beheinde grinskorreksjes of oanfollings. Ek de provinsje werkent him op haadlinen yn de troch de rie fan Boarnsterhim foarstelde tadieling fan oergeande gebietsparten. Der is gjin sprake fan restproblematyk, op sa'n wize dat it takomstperspektyf foar oanbuorjende gemeenten üngeunstich beynfloede wurdt. Planologysk rointeferlet Yn dit ramt is it fan belang om te sjen nei it üntstean of oplossen fan mooglike romtlike knipepunten. Romtlike knipepunten tsjinje har oan, wannear't in gemeente net by steat is om har funksjes goed op eigen grüngebiet te ferfoljen. Dizze weryndieling is net ynjün troch knipepunten by planologysk romteferlet. Dat nimt net wei dat der foar dizze nije gemeenten mear mooglikheden binne as it giet om bygelyks diversifikaasje fan de wenmiljeus, wurklokaasjes en toerisme en rekreaasje. Nij beliedskader ministearje Ynlanske Saken - july 2011 Foar de dudlikens yn it proses en op praktyske grünen ha wy fêstholden oan it oarspronklike ütgongspunt wêrmei't wy begun binne oan de opstelling fan dit weryndielingsüntwerp yn de maityd fan 2011, nammentlik it op dat momint jildende beliedskader fan it ministearje fan Ynlanske Saken oangeande gemeentlike weryndieling. Dêrby ha wy wiidweidich kundskip naam fan it sunt july 2011 jildende nije beliedskader gemeentlike weryndieling fan it ministearje fan Ynlanske Saken en ha dit weryndielingsüntwerp ynhaldlik toetst oan it nije beliedskader. Ek is der, as hantrekken rjochting it nije beliedskader, al yn de maityd fan 2011 foar keazen om in taljochting op de toetsing fan draachflak yn de fjouwer üntfangende gemeenten opnimme te litten as taheakke yn dit weryndielingsüntwerp. 35

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 97