Finansjele aspekten Ynlieding Yn ferban mei de splitsing fan Boarnsterhim freget it Onderwerp finansjes bysünder omtinken. Foar de weryndieling moatte de finansjes fan de dielnimmende gemeenten opinoar öfstimd wurde. De fêststelling fan dit weryndielingsuntwerp troch de gemeenterieden betsjut dat de gemeenten Boarnsterhim, It Hearrenfean en Ljouwert fanwege de Arhi proseduere under previntyf finansjeel tafersjoch fan de provinsje komme. .2 Finansjele posysje Boarnsterhim Boarnsterhim ferkearde de öfrune jierren finansjeel yn swier waar. Yn 2008 kaam Boarnsterhim under previntyf tafersjoch fan de provinsje, foar 2010 is troch Boarnsterhim in artikel 12- oanfraach yntsjinne. De begrutting 2010 sleat mei in tekoart fan 15,3 miljoen wêrfan 3,4 miljoen struktureel en 11,9 miljoen ynsidinteel. Ek de mearjierreraming lit oanmerklike tekoarten sjen. Yn gearwurking mei it ministearje fan BZK wurket Boarnsterhim oan it sanearjen fan de begrutting. De trochrintiid fan it artikel 12-trajekt is yn prinsipe 5 jier. It ministearje hat tasein de beëage datum fan weryndieling (1 jannewaris 2014) as eindatum foar it trajekt oan te halden, neffens it advys fan de Rie foar de Finansjele ferhaldings. It ministearje fan BZK hat as utgongspunt in 'skjinne' oplevering fan de gemeente Boarnsterhim. Dit haldt yn dat de gemeente Boarnsterhim in struktureel lykwichtige begrutting hat en dat it efterstallich ünderhald ütfierd is of dat hjirfoar foldwaande middels yn de ünderhaldsfoarsjennings oanwêzich binne. Yn maaie 2010 hat de gemeenterie, foarütrinnend op de oanfraach foar in oanfoljende ütkearing, taakstellend in ombügingsprogramma fêststeld fan 4,8 miljoen struktureel. Op de datum fan weryndieling sil it artikel 12-trajekt finansjeel öfhannele wêze. Dêrmei slüt Boarnsterhim op de datum fan weryndieling de boeken as finansjeel süne gemeente. Om yn langjierrich perspektyf in goede ynvestearringsposysje foar de gemeente te krijen wurdt oansluting by de füzjepartners socht. Finansjele posysje It Hearrenfean, Ljouwert, Skarsterlan en Sudwest-Fryslan It Hearrenfean en Ljouwert binne finansjeel solyd en spanne har hieltyd yn foar in langjierrich finansjeel sun perspektyf. Ljouwert en It Hearrenfean ha yn it foartrajekt oanjün dat se belang ha by in skjinne oplevering fan de parten fan de gemeente Boarnsterhim dy't se derby krije, en dat as betingst sjogge. Dat jildt ek foar de gemeenten Sudwest-Fryslan en Skarsterlan. Tabel 1. Begruttingsomfang Begruttingsomfang Begruttingsomfang Gemeente Primityf 2010 Primityf 2011 Boarnsterhim 48.353.000 46.771.000 Ljouwert €374.451.000 €358.963.000 It Hearrenfean 139.256.000 121.291.000 Sudwest-Fryslan 197.809.900 193.275.000 Skarsterlan 59.050.000 63.554.000 36

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 98