BOARNSTERHIM gemeente R H Riedsgearkomste: 17 april 2012 Oanwêzich: Foarsitter: boargemaster T. Baas en de hear Van der Sluis (punt 4.2) Griffier: de hear A.G.M. Rutten GB2000: de hearen J.R. Galama, P.T.L. Jonker en S. van der Meer PvdA: mefrou P.M. Esser, de hearen W. Martens en R. van der Woude FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga en de hear S.J. Riemersma VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga en de hear J.S. Zijlstra D66: mefrou A.W. Nugteren-Schell en de hear M. Frensel GroenLinks: mefrou G. Rozema It kolleezje fan boargemaster en wethalders: boargemaster T. Baas wethalder de hear F.A.J.M. van Beek wethalder mefrou H.J. de Flaan-Laagland gemeentesiktaris de hear G. Heeringa Ofwêzich: de hear J. Hemminga(GB2000) en de hear W. Witteveen (FNP) en wethalder mefrou M.A.J. Jager- Wöltgens Publike tribune: 20 persoanen (A hammerstik) (B diskusjestik) 1. ALGEMIEN 1.1 lepenje De voorzitter opent de vergadering om 20.00 uur. 1.2 Fêststellen fan de wurklist Beslüt: conform. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 A Foarstel oer de rjochtsposysje fan griffymeiwurkers by de weryndieling fan Boarnsterhim, Heeren veen, Leeuwarden, Südwest-Fryslan en Skarsterlan Besluit om de Bestuursovereenkomst Herindeling Boarnsterhim en het Convenant Personeel en Organisatie en het ter uitwerking daarvan op te stellen Sociaal Statuut van toepassing te verklaren op de griffiemedewerkers. De hear Van der Woude (PvdA): It ütstel dat der leit is neffens it ütstel dat wy twa wike al besprutsen ha. Doe ha ik der al wat fan sein as foarsitter fan de wurkjouwerskommisje. It hat in goede tarieding west oer dit ferhaal, mar ik wol noch in oare opmerking kwyt. We ha in oanfolling. We ha doe al sein dat it prima is wannear de griffymeiwurkers ünderbrocht wurden yn it sosjaal statut fan it personiel fan it kolleezje. In prima ütstel, wy fine ek dat dat kin yn dit gefal, omdat jim jim op in geweldige manier ynsette foar it personiel. We ha der alle fertrouwen yn dat dat goed komt. We ha it fuortgongsberjocht han dizze wike. Ek dat skept fer- trouwen en wy gean derfan üt dat wy ek yn dy sin fan it folgjende fuortgongsberjocht op de hichte steld wur- de. Wy fine dat jim stoef troch ünderhannelje moatte sa as jim no dwaande binne, mei üt namme fan dizze rie foar it griffypersoniel. De foarsitter (boargemaster Baas): het voorstel is met algemene stemmen aangenomen. 1 03 ferslach rie Boarnsterhim (part) 17042012.doc/grab 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 4