4.2B Foarstel om fêst te stellen it weryndielingsadvys Boarnsterhim, Heerenveen, Leeuwarden, Südwest-
Fryslan
1. Stel het herindelingsadvies Boarnsterhim, Heerenveen, Leeuwarden, Südwest-Fryslan en Skarsterlan vast;
2. Zend het herindelingsadvies Boarnsterhim, Heerenveen, Leeuwarden, Südwest-Fryslan en Skarsterlan,
conform de bepalingen in de Wet Arhi, aan Gedeputeerde Staten van Fryslan;
3. Draag het college op de herindeling verder voor te bereiden.
Burgemeester Baas: Ik geef het voorzitterschap van deze raad over aan de heer Van der Sluis, omdat als het
gaat om de herindeling ik als portefeuillehouder vanuit een andere positie vrij kan opereren.
De foarsitter (de hear Van der Sluis): Ik nim oan dat alle fraksjes hjiroer it wurd fiere wolle. Ik jou earst it
wurd oan de grutste partij, GB2000.
De hear Galama (GB2000): By de earste formele stap fan it beslüt weryndieling Boarnsterhim op 22 novimber
2011 hat üs fraksjefoarsitter, de hear Hemminga, stilstien by de weryndieling dy't yn 1983 plakfün hat. Hy hat
dit as wethalder en riedslid fan de gemeente Utingeradiel seis meimakke. De weryndieling no betsjut dat de
eardere weryndieling yn 1983 no opnij plakfine moat. Is it doe yn dy tiid net goed bard, is dan de fraach. Yn
1984 üntstie de gemeente Boarnsterhim üt trije oare gemeenten: Utingeradiel, Raarderhim en Idaerderadiel.
Dat hat net laat ta in duorsume ienheid. Foar mysels, mar mooglik foar mear ynwenners, leit de weryndieling
fan 1984 fier achter üs. Dochs is 1984-2014 mar tritich jier en yn ferhalding net lang. Foaral as we dit ófsette
tsjin de skiednis fan 167 jier fan de gemeenten Utingeradiel, Raarderhim en Idaerderadiel dy't sa lang stan
holden hat. Tritich jier is dan mar koart. By it 25-jierrich bestean op de nijjiersresepsje yn Terherne yn 2009
waard der noch stilstien by it fuortbestean fan üs krêftige libbensfetbere gemeente Boarnsterhim, aldus de
doetiidske boargemaster frou Schadd. Wol wienen der doe al skuorren te fernimmen yn it fêste bolwurk fan
Boarnsterhim. By myn earste begruttingsbehanneling yn 2005 by de ferbouwing fan it gemeentehüs, stie der in
oerskrieding yn fan twa miljoen, hast 100%, en joech dit al oan dat it finansjeel betrouwen yn it fuortbestean
fan Boarnsterhim der net grutter op wie. Oer de weryndieling waard doe net sprutsen, mar de kans op falli-
semint wie doe grutter as in weryndieling. Want weryndieling wie doe hielendal net oan 'e oarder, yn hiel
Fryslan net. Yn july 2007 kopte de Ljouwerter krante foar it earst: 'Boarnsterhim praat oer syn eigen ophef
fing'. Doe nei oanlieding fan dat Gemeentebelangen dit yn de rie oan 'e oarder steld hie. Dêrnei is de óftocht
fan Boarnsterhim rjochting opdieling hurd gien, foaral nei it finansjeel debakle fan de brede skoalle. Boarn
sterhim is ündergien troch in gebrek oan bestjoerskrêft, foaral troch de waan fan it net goed funksjonearjen
fan it finansjeel belied. As je sjogge yn it foarstel sa't it der no leit is dat ek it wichtichste punt. Yn de
gearfetting stiet: Belangrijke redenen voor Boarnsterhim voor het voorliggende besluit zijn dat de middelen
en bestuurskracht niet toereikend zijn om op eigen kracht de opgave van het gebied het hoofd te bieden. Dus
foaral de bestjoerskrêft wurdt dêr oanhelle foar de opheffing. Hie weryndieling te foarkommen west, freegje
je je dan of. Sjoen de feroarjende tiid de léste jierren, wêrby't fersterking fan de bestjoerskrêft wichtich is
hie weryndieling ea wol ris oan 'e oarder kommen. Ek in finansjeel sün Boarnsterhim hie der mei te meitsjen
krigen. Je kinne net stelle dat dit it iennichste punt is dat we oars bestean bleaun wienen. Wol hienen de
ütgongspunten dan oars west. Weryndieling of opdieling fanüt in süne basis fielt better as fanüt in posysje
dêr't je oan 'e han rinne fan in kurator en de finansjele draachkrêft earne oars weikomme moat. Weryndie
ling treft Boarnsterhim net allinnich. Ek oare gemeenten yn Fryslan üntkomme der net oan. We sjogge de
léste tiid de diskusje yn üs buorgemeente Littenseradiel. Noch gjin twa jier lyn waard de tadieling fan in part
fan Boarnsterhim noch oan Littenseradiel foarsteld. Stanpunten feroarje dus hurd. Der stiet hjiryn de weryn
dieling, mar üteinlik is it de opdieling fan Boarnsterhim en de weryndieling fan Ljouwert, It Hearrenfean, mei
grinskorreksjes nei Südwest-Fryslan en Skarsterlan. De opdieling is op in positive wize ferrün. It kolleezje hat
yn dizze de nedige stappen set, dat wy der betrouwen yn ha dat wy mei it advys sunder mear ynstimme kinne.
It weryndielingsadvys hat de ynstimming fan Gemeentebelangen. Gefoelsmjittich bliuwt it spitich dat in
lytsskalige gemeente net de bestjoerskrêft üntwikkelje kin dy't nedich is yn it belang fan de ynwenners. It
gebiet Midden-Fryslan bliuwt unyk. Dêr is it goed wenjen en libjen. It is foaral it falend bestjoerlik en polityk
klimaat fan Boarnsterhim dat op dizze wize de opdieling der komt. Foar de ynwenners feroaret der net folie.
Je buorlju bliuwe je buorlju en it doarp bliuwt je doarp. En sa giet it mei mear. Mar alles dat fierder fuort is,
en bepaalde hannelingen sille je op in oar gemeentekantoar dwaan moatte. Ek de rekken fan de gemeentlike
lésten komt aanst net mear üt Grou. Op de kop óf is op 31 desimber 2013 it tritich-jierrich bestean fan Boarn
sterhim. In tritich-jierrich feest, mar wol spitigernóch mei rituelen fan de begraffenis foar de opheffing.
De hear Van der Woude (PvdA): Yn 2008 hat dizze rie unanym in moasje oannommen om in ündersyk te
dwaan nei de bestjoerskrêft fan dizze gemeente. Dat hat even stillein, mar üteinlik is der in proses op gong
kommen. Dat hat in proses west, wêryn't, seker nei de befolking ta, de rie syn eigen rol spile hat. Dy hat dêr
de rezjy naam. Net elkenien wie tige optein oer it proses, mar ik fyn dat wy in kreas, helder en transparant
2/10
Pagina 2
1 03 ferslach rie Boarnsterhim (part) 17042012.doc/2