proses fierd ha rjochting üs boargers, ferienings, doarpen, alles wat dizze gemeente oanbelanget. Wy hienen
de rezjy yn hannen. We ha fjouwer jier lang de rezjy as gemeente yn hannen han en no moatte we it lit han-
nen jaan. It is net oars, der leit in eintsjebeslüt foar üs. Dit is üs léste beslüt oer de weryndieling dat wy nim-
me meie. Lans de sydline sille wy aanst nochris in miening jaan meie. Miskien oer it advys fan de provinsje, ik
wyt it net. Miskien oer it advys dat de minister oan de «earner jout, it wetsüntwerp. Dér meie wy mooglik
noch wat fan fine, mar we jouwe hjoed, as der in klap op komt, de rezjy üt hannen. Dan ha we it fjouwer jier
lang dien, en ik tink, ek al kin net elkenien even lokkich oer it einresultaat wêze, dat wy de rezjy op in goede
wize fierd ha. Farwol kolleezje, farwol rie. En dat wy it ridlik goed dien ha, blykt neffens my ek üt it beheind
tal ynspraakreaksjes dy't der kaam binne op it Ontwerp. Twa wike lyn ha we al eins unanym yn dizze rie sein
dat de twa oanpassings dy't ütsteld binne akkoart binne. It binne yn feite hiel marzjinale oanpassings. Prinsi-
pieel ha we meiïnoar in hiele goede ferdieling makke. Der is goed oer neitocht en de ütgongspunten ha goed
west. It ynsidintele probleemke dat der noch wêze kin wurdt dan yn de praktyk wol oplost. Ik jou üs rie gjin
komplimint, dat moat in oar mar dwaan. It kolleezje hat yn elk geval op in prima manier dit proses mei dizze
rie begelaat. Ik ha noch in pear slotopmerkings. Ik wol it oer de ynhald fierder net mear ha. Wy binne akkoart.
Wêr't wy noch oandacht foar freegje wolle is om yn it oerlis mei benammen Ljouwert en It Hearrenfean, by
de Südwesthoeke, Skarsterlan en de Fryske Marren leit dat wol oars, dochs ekstra omtinken te freegjen by dy
gemeenten foar it gebrük fan de twadde Rykstaal yn dy gemeenten ek yn it gewoane petear op de gemeen-
tehuzen en yn de stikken of yn de rie. Ik tink dat wy dêryn noch in stapke fierder binne as It Fean en as Ljou
wert. It soe my wol wat wurdich wêze as dat ek yn dy gemeenten op it nivo komt sa as dat hjir ek brükt
wurdt. Dat is punt 1, no punt 2. Ik wyt dat ik my op hiel glêd iis bejou, mar ik wyt dat wy in riedsfoarsitter ha
en in portefüljehalder dy't ek it Frysk in hiel waarm hert tadraacht. Op it fersyk fan dizze rie leit der in
twatalich weryndielingsadvys. It soe üs wat wurdich wêze as jim jim ynspanne wolle sadat wy foar it earst be-
libje kinne dat we in twatalige weryndielingswet krije. Einkonklüzje: wy gean akkoart mei it foarstel dat der
leit en Den Haach moat it no naaie sa't it yn Boarnsterhim knipt is.
Frou Veldstra (FNP): De portefüljehalder hat my twa wike lyn eins ütdaagd, want hy sleat syn stikje óf doe't
wy it mieningsfoarmjend stik oangeande it weryndielingsadvys behannelen. Hy sei: 'Over twee weken zullen
er nog wel algemene beschouwingen komen over de herindeling.' Dus doe tocht ik by mysels: dan moat ik
even yn de argiven düke en sjen oft ik dêr wat fan fine kin. Ik hie al myn guod oer de weryndieling yn in grut
te bak, dus dêr ha ik in skoft yn socht. Mar dat sil ik hjir jün allegear mar net fertelle, want dan sitte we hjir
hiel lang. Ik gean wol even werom yn de skiednis. Ik gean net sa lang werom as de hear Galama. Dy gong wer
werom nei 1984. Ik gean even werom nei septimber 2007. Wêrom is de weryndieling wat earder ta stan kom
men as oarspronklik de bedoeling wie? De hear Galama hat dêr ek al oer ferteld. Yn septimber 2007 waarden
wy as rie troch BEtW ynformearre oer in eventuele gearwurking mei oare gemeenten. En neffens de foarsitter,
frou Ella Schadd, wie it kolleezje yn petear mei acht, njoggen omlizzende gemeenten. En dizze petearen
fünen plak op it wetter. It kolleezje naam de gemeenten twa kear mei de boat yn, om sa meiïnoar yn petear
te kommen en hokker kansen der wienen foar Boarnsterhim. De gemeente Ljouwert wie de iennige gemeente
dy't wol belangstelling hie foar Boarnsterhim en woe om te begjinnen earst wol in gearwurkingsferban oange-
an mei Boarnsterhim. En dit soe de bedriuwsfiering, dy't der eartiids net sa goed foarstie, te goede komme.
We wite it allegear, de ICT, salarisadministraasje, ynkeapbelied, dat soe allegear mienskiplik oanpakt wurde.
No, de gearwurking mei Ljouwert wie der, mar dochs gie it noch hiel dreech yn Boarnsterhim. We kenne de
ferhalen, Galama hat der ek al oer rept. Doe kamen we yn de finansjele problemen, we kamen yn in artikel
12-status, it kolleezje stapte op yn febrewaris 2009, mar dêrnei kaam al gau in nij sakekolleezje. It nije sa-
kekolleezje pakte al gau de takomst fan Boarnsterhim op, yn opdracht fan de rie. Dat hat de hear Van der
Woude ek neamd. Der waard ündersyk dien troch buro Wagenaar Hoes en dêrüt bliek dat Boarnsterhim eins
gjin besteansrjocht mear hie en dat der eins ek net mear in Boarnsterhim-gefoel wie, dêr't wy üs oer ferbaze.
It advys fan buro Wagenaar Hoes wie om Boarnsterhim yn twa parten te ferdielen, de boppeste helte nei
Ljouwert en de Onderste helte nei It Hearrenfean. Aide Feanen soe earst nei Tytsjerksteradiel en letter dochs
wer in omswaai: Aide Feanen dochs nei Ljouwert mei de trije W's: Warten, Wergea en Warstiens. Doe kaam it
hiele sirkus op gong. Hast yn alle doarpen waarden petearen organisearre en der wie in grutte opkomst op al
dy jünen, mar der wienen foar- en tsjinstanners. Der wienen diskusjes, soms ek wol hjitte, ek hjir yn de rie,
oer oft we no wol of net in referindum ha moasten. De FNP hat dat besocht, mar dat is net slagge. Wy fünen
it allegear wat te hastich gean en seinen dat we der miskien in ferkiezingsitem fan meitsje moasten. In nije
rie, nije partijen en miskien komme der dan oare beslissings. Dat is der ek net fan kommen. Dus de FNP hat it
hiele proses mei mingde gefoelens meimakke, want wy hawwe der echt in hiele protte muoite mei han, wy
fünen it hiel spitich dat Boarnsterhim samar fan de kaart gong en wy wienen yn earste ynstansje ek de iennige
partij yn de rie dy't ek net mei de opheffing fan dizze gemeente ynstimd hie. It proses gong üs allegear wat te
hastich, mar de mearderheid fan de rie hie it beslüt nommen, dus it wie in demokratysk beslüt, dus dan moat
te je it béste derfan meitsje. Der kamen aksjes üt de doarpen. Wy witte it allegear: Terherne, De Lege Gea-
en, Aldeboarn. In part fan de rie fün dat der dochs nettsjinsteande dat de petearjünen goed besocht wienen,
noch wat wranteligens wie by bepaalde doarpen, dat se har der dochs net yn fine koenen om of nei Ljouwert
3/10
Pagina 3
1 03 ferslach rie Boarnsterhim (part) 17042012.doe/3