of nei It Hearrenfean. Wy fünen dat as trije partijen, D66, GrienLinks en FNP, dat we dochs noch wat ekstra dwaan moasten, dochs noch wer werom nei de befolking, dochs noch even harkje wat de befolking graach woe. Dat hat opsmiten dat Terherne nei Skarsterlan gong en De Lege Geaën nei Südwest-Fryslan. We ha it noch besocht mei Aldeboarn, mar dat is net slagge. Der wienen doe ek lüden fan stel dat Aldeboarn nei Op- sterlan giet en dat dat ek opheven wurdt. Fannewike hearden we wer yn it nijs dat Opsterlan mooglik selsstannich bliuwt. Dus sa sjogge je mar wer dat it samar wer oars wêze kin. Ik fyn it dochs in boppeslach dat wy as rie besluten ha om de grinswizigings fan dy doarpen, dy't dat ek graach woenen, ta te stean en dy do- arpen de kans te jaan om nei de gemeenten ta te gean dêr't se graach hinne woenen. En it kolleezje hat dat oernommen, dus op himsels tink ik dat we dêr wol hiel wiis mei wêze kinne. Der leit in konvenant P&O. De hear Van der Woude hat dêr krekt ek al even wat oer sein. It konvenant oer it griffypersoniel leit op papier. Der lizze düdlike ófspraken en we hoopje ek dat dat hiel goed ütpakt foar üs personiel. Der komme ek noch behearsplannen, want dat moat ek allegear noch foar 2014. Der wurde in hiel protte foarsjennings op peil brocht. Wy wolle graach de boel netsjes achterlitte foardat wy nei de nije gemeenten gean. Ik hoopje wol dat it allegear yn goed oerlis mei de Pleatslik Belangen yn de doarpen plakfine sil. Hjoed nimme wy as gemeente- rie de léste formele stap yn it weryndielingsproses en wy drage de rezjy oer. De nije gemeenten binne no oan set en de léste tariedings kinne nommen wurde. Nei hjoed oant 1 jannewaris 2014 ha we noch 622 dagen te gean. Dan ferdwynt Boarnsterhim nei tritich jier en sil dan noch inkeld skiednis wêze. Wy hoopje dan ek dat de ynwenners fan Boarnsterhim har gau thusfiele sille yn harren nije gemeente en dat we de goede kar makke hawwe. De hear Bouma (WD): Jün nimme we de léste beslissing yn dit hiele lange proses fan weryndieling. De foarige sprekkers ha der ek al even oer utwreide. Hoe is it safier kommen en wêrom moast it safier komme? We witte allegear dat it kolleezje yn 2009 opstapte en dat der wat oars barre moast. Doe waard ek al frij gau düdlik dat op basis fan de finansjes wy dat net op eigen krêft fierder dwaan koenen. Doe hat it hjoeddeistige kolleezje sein dat we mar sjen moasten nei oare gearwurkingsferbannen, en dat we üs miskien opheffe moasten en sa is it bard. Dat ha we mei opheven holle dien, sa't de foarsitter dat doe sei. Dat hat in hiel soarchfaldich proses west. We ha yn alle doarpen lans west en elkenien koe dêr wat fan sizze. De VVD is ek fan miening dat dat hiele proses soarchfaldich west hat en dat der in soad winsken dy't yn ferskate doarpen libben sa folie moog lik honorearre binne. Dat is dochs wol in komplimintsje wurdich tink ik. Ik seach tafallich fannewike noch in werhelling fan Omrop Fryslan, It Paad Werom, en dat gong oer de weryndieling fan '84 en benammen oer Warkum en Koudum. Dat wie hielendal ferdield yn kampen. De riedsleden waarden dêr bedrige, it wie frees- lik. Der kaam in nije boargemaster en dy waard troch twa üntfangstkomitees üntfongen. Soksoarte tastannen ha wy hjir lokkich net. Wat dat oangiet tink ik dat de rezjy goed wie en dat de ütkomst neffens my ek goed wie. Yn 1984 hienen se ek noch oare soargen. Ik gean even werom yn de skiednis. Idaerderadiel hie doe buordsjes tanksij de PvdA mei 'kernwapenvrije gemeente'. De fraach wie oft dy nei 1984 ek yn Boarnsterhim komme soenen. Ik wyt net hoe't dat êfrün is. Dy buordsjes binne neffens my yn it museum bedarre. Dat is al legear histoarje. Wy hawwe neffens my in goed ferhaal op poaten setten. Der ha ynspraakjünen west. Oan de finansjes wurdt noch hurd wurke. Ik tink dochs dat it foar in grut part aanst goed komt en dat wy oan 'e ein fan dizze rit, ein 2013, üs gemeente skjin opleverje kinne en dêrmei in bydrage wêze kin foar de twa grutste üntfangende partijen, de gemeenten Ljouwert en It Hearrenfean. Dan giet it klopjend hert fan Boarnsterhim dêr fierder. De WD hat der alle betrouwen yn en ik tink dat it üteinlik in goede set west hat. De hear Zijlstra (CDA): Hoewol't ik de opmerking oer de kearnwapenfrije gemeente dochs wol wurdearje kin, fait it mei dochs wol op dat at de foarsitter fan dizze rie üs ütdaget om mei beskogings te kommen, dan dochs de measte sprektiid bestege wurdt oan de skiednis fan dit gebiet. Ik bin sa frij om aanst even foarüt te sjen, mar jim binne net oars fan my wend tocht ik. Foarof, wy ha in soarchfaldich proses trochrün yn dizze hiele weryndieling en yn dy sin kin ik it foar it earst fannejün iens wêze mei de wurden fan Van der Woude. Elkenien hat de kans krigen om him üt te sprekken en syn miening te jaan. Wy binne der soarchfaldich mei omgongen. Der leit no in weryndielingsadvys. Dat giet nei Deputearre Steaten. Dy bringe it nei Den Haach. Miskien meie wy der noch wat fan fine, mar ik tink it net. Ik tink dat it yndie wol naaid wurdt sa't it knipt is. En dan is de weryndieling mei yngong fan 1 jannewaris 2014 in feit. De fraach is even wat dizze gemeenterie oant dy tiid docht. Hoe stelt dizze gemeenterie fan Boarnsterhim him op yn de perioade dy't oerbliuwt. Wy ha it oer skjin opleverjen fan de gemeente, finansjeel, sunder skulden en achterstallich ünderhald en skjin yn de sin fan oerdracht fan de gemeente sünder ünferwachte yntegriteitsfraachstikken. Mar we kinne hjir ek yn trochslaan. As we achter elk spoekferhaal oanrinne, en nei swiere middels gripe as ien bepaald stik bygelyks net yn it argyf werom te finen is. Mei oare wurden, as we de kommende oardel jier üs tiid as gemeenterie fol- je mei parlemintêre enkêtes oer saken üt it ferline, dan drage we neat posityfs by oan de nije gemeenten. We ha dan wol in soad negative enerzjy stutsen yn de oerdracht fan de gemeente, dy't op 1 jannewaris 2014 begjint mei in 2-0 achterstan. Ik tink dan ferlykber mei de gemeente Boarnsterhim tritich jier werom, want dêr ha no in soad minsken it noch oer. Mar in 2-0 achterstan is lêstich yn te heljen. Freegje dat mar oan ien fan üs eareboargers fan dizze gemeente üt Nes. Dêr komme je net samar fan werom. En dêr krije de ynwen- 4/10 Pagina 4 1 03 ferslach rie Boarnsterhim (part) 17042012.doc/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2012 | | pagina 8