syn wenstige foarm fine kinne.De dei far. de stimming oer ditplan, de koartste dei,hoecht foar dit gea net in tsustere dei to wezen. Ik sei al,dat in ruilforkavelingsplan yn dizze tiid in all-roundplan wêze moat, in streekplan dat antwurd jowt ek op hiel hv;at fragen dy 't buten it agraryske mêd lizze.lt moat binammen rekken halde mei de greate f oroarings, dy t der ek op it plattelên pleats hawn hawwe en al den del noch troch gean.lt vurkpatroan,de forhalding tusken lan- bou en yndustrie,it tal minsken dat it wurk fan fiarrens hat, dat alles hat de forhaldingen,ek yn us gemeinte,ja binammen yn us gemeinte,sa- danich foroare dat min,ek al hat min gjin sifers by de hén,sunder oerdriuwing sizze kin^dat it wurkpatroan fan us gemeinte totael oer de kop gien is.Wienen wij foar tritich jier noch in suver agraryske gemeinte mei as ienichste ütsundering it wolbikinde"houtsjefabryk"sa it alear'wol neamd waerd)- en noch.in pèlr oare bidriuwen to Grou,dit en oare bidriuwen to §rouw,Wergea en Y/art en binne utdijd ta bidriuwen dy 't oan hünderten hannen wurk en brea jowe .En s,s/it ek noch sa, dat de agraryske ynslaeh yn us gemeinte noch tige great is,wij kinne net sunder mear sizzeiwij binne in agraryske gemeinte.Ik bin binijd,hwat in beropstelling yn us gemeinte datoangeande oan it ljocht bringe soe. Mar de greatste foroaring(en dy hat noch lang net syn ein foun) hat him wol afspile op it gebiet fan de fakansje,de fakansje-üntspan ning en de rekreaesje.Doe 't ik boere-arbeider wie,wie it wenst,dat wij us frije wike krigen as de groun hurd wie, de heilstiennen stowden of in pak snie gjin lanswurk ta liet.Nou hat elts syn simmerfakansje, de Pryske boer giet mei syn auto nei 't Suden as nei it bütenlan en de boere-arbeider reisget ek al in hiel ein dy kant ut! Om fan oaren nou mar to swijen! Tuzenen binne der ek dy 't har fortier op it wetter sykje.Wie soks, oan 't foar sa'n tritich jier ta,allinne it privilege fan de wolstel den, nou giet elts dy 't wol,it wetter op en de puollehen petten yn. wij binne bij steat west om in part fan dy stream op to fangen,hwant it sprekt foar himsels,dat al dy minsken har wiet en druch op 'e tiid hawwe moatte.Hwat soks foar us gemeinte bitsjut is min yn sifers fêst to lizzen.mar elts dy 't hjir thus is,hwit,dat wij hjir to meitsjen hawwe mei allinne al in economysk bilang,dat al tige grqat is en noch greater wurde sil. Sprekt it net foar himsels,dat hjir in krite fan it alderbêste (en djürste!)lan opjown is om brukt to vuurden allinne foar husfesting en formeits fan dyalmar greater v/urdende stream fan f akans j egongers? Hwa hie tinke kinnen,dat de Rie fan dizze gemeinte fan mar amperoan sawn tüzen sielen,yn ienriedigens it oandoarste,om twa miljoen goune tospandearjen,alline om dy lju plak en ünderdak to jaen?Soks sprekt foar himsels,mar dêrmei binne wij der net As dy lju net fine hwat se sykje,dan geane se nei oare plakken.En hwat se sykje dat is:de natur,de romte,wetter en aide feanen.En dêrom is it foar my ünbegryp- lik,dat dyselde oerheit,dy 't tastiet dat der miljoenen om 'e kant hinne spandearre wurde,neat docht om dat rekreaesjegebiet seis to "ruilf orkavel j.enMHwant it moat sein wurde, dat de tiid der net allin ne stil stien hat,mar dat wij der hurd efterut geane.Oeral griist jin it buordtsje mei artikel 461 tomjitte.Ee man mei de ponge slacht der foar master op,op jild wurdt net sjoen en balstiennen en stikel- tried binne de attributen dy't oanwize,dat de eigener it "herrijzend Nederland" ek yn syn banksaldo /uitërmg bringe kin.Yn myn aide atlas stiet in kaert fan Afrika,hwerfan allinne de kusten yn kaert^brocht binne en it hart noch wyt,ünbÊkind is.Wolnou,ik freegje mij of: hwat dogge wij mei Kommisjes "ter bescherming" fan dit en fan dat, as dizze rekreaesjekriten der noch hinne lizze as in wyt plak,as in

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1961 | | pagina 21