- 10 - foarkommen wurde troch nije persoanen mei grif oare ynsjoch. Ik bin der fan oertsjüge, dat goede opfolgers klear steane en hwat dat oangiet jow ik it wurk dan ek yn it folste fortrouwen oer. Om dit wurk neist myn gewoane wurk to dwaen haw ik altyd de folie freiheit hawn fan myn eardere wurkjower, silger de hear S.Bijlsma en fan myn tsjinwurdige wurkjower, de hear Ir. G.de Boer fan de Gerdyk. Ik haw bihoefte om dat hjir hjoed to sizzen en myn tankberens dêrfoar ta utering to bringen. Hwant it is sas ik haw dit wurk net allinnich dien omdat it toch troch ien dien wurde moast. Ik haw it altyd as in ear biskouwd, dat ik dit wurk dwaen mocht foar de mienskip. Myn gene raesje hat underfoun hwat it bitsjut as der oer jo mar sunder jo yn alle dingen bislist wurdt. Ik bin tsjintwurdich wol ris bang, dat der to min ynsjoen wurdt hwat dit ynhaldt. Wy moatte alles op alles sette om üs swier bifochten demokratyske steatsfoarm, sawol yn lytse as yn greate bistjürslichemen to halden. Ik wol grif tajaen, dat der ek oan dizze steatsfoarm wol lekken en brekken oan to wizen binne mar lit us der goed om tinke dat wy yn dit stelsel de folie freiheit hawwe om mei inoar dy flaters to forbetterjen. Noch oeral om us hinne kinne wy merkbite hwat it bitsjut as jo dy frijheit üntnommen wurdt. Lit us mei inoar op de bres stean om to toanen, dat wy dy frijheit wurdich binnen en dat wy dy ütlibje wolle yn ien- riedigens, fuortfloeijende ut us forantwurdlikheit neffens us meiminske. Dan kin der üt de forskiedenheit fan mieningen foar de mienskip hwat greats dien wurde. It soe my to fier fiere om hjir alle dingen to neamen dy't yn us gemeente yn dy tweintich jier ta stan kommen binne. Ik bin bliid en derby ek wol in bytsje greatsk, dat ik in stientsje bydroegen haw om dit ta stan to bringen. Dit hawwe wy mei elkoar dien. Mei hiel hwat minsken haw ik dêrfoar oparbeidzje moatten. Jim sil bigripe kinne, dat nammen fan boargemaster Renken en Walda, wethalders Zwart, de Visser en Vriesema, riedsleden Miedema, Jan Ankes de Boer, B.K.v.d.Eerg en noch sa folie oaren, my troch de holle geane. Minsken hast allegear hiel forskillend fan ynsjoch, oan hwa ik de meast noflike oantinkens biwarje. Ik bin o sa bliid, dat ik it foarrjucht hawn haw om mei harren oparbeidzje to meien. Doe't ik yn 19^5 wethalder waerd, wie de hear Bosma hjir siktaris. Noch altyd tink ik mei folie tagedienens oan syn persoan. Hy hat my fan it bigjin of oan mei rie en died bystien. Ik haw fan him folle leard. Ek oan de neitins fan de hear Dijk tink ik mei folie nocht. Ek hy stie altyd klear om my yn soms foar my swiere problemen foar to ljochtsjen. Ik wol net neilitte fanof dit plak alle amtnerssawol hjir op it gemeentehüs as wurksum yn de bütentsjinsten as 'reiniging plantsoenen ensf. tank to sizzen foar it goede meiïnoar oparbeidzjen. Ek de polysje, dêr't ik mei to dwaen hie yn myn funksje as loko boargemaster, myn hertlike tank foar de meiwurking. Sa't ik al sein haw, it wurk dat dien wurde moast, haw ik altyd mei folie nocht dien en ik bin sa eigenwiis to mienen, dat it foar üs gemeente miskien noch wol in bytsje fortuten dien hat. Dêrneist bin ik my der fan biwust, dat ik ek flaters makke haw. Ik bin gelokkich ek mar in gewoan minske en elk minske hat syn lekken en brekken, dus ik ek. Nim fan my oan, dat myn ynsjoch dy 't ik yn bipaelde saeken foar de trie brocht brocht binne yn de oertsjüging, dat ik dermei it bilang fan üs gemeente en syn yn- wenners miende to tsjinjen. Ik haw altyd yn it foarste plak bisocht ek dat fan myn politike tsjinstanners oan to nimmen. Gelokkich hawwe wy it spul hjir yn dy twein tich jier ek praktysk altyd sa spylje kinnen. Forskil fan ynsjoch oer de wize hwerop of hweryn forskate dingen ta stan of net ta stan brocht wurde moatte, hin dert net, as der mar net oan persoanlike earlikheit twivele wurdt. Dit leste bart noch wol ris om bipaelde politike doelen to binaderjen. Dan kin it swier makke wurde om meiïnoar op to arbeidzjen en persoanlik leed is faek it gefolch. Natuerlik is it ek hjir yn dy tweintich jier net altyd foar de wyn gongen, mar foar my slacht de slinger praktysk alhiel nei de moaie kant oer. - Ik stel -

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1966 | | pagina 25