De samenstelling van de fractie en de huidige communicatiemogelijkheden bieden hiervoor een voldoende waarborg. De fractie "Gemeentebelangen deelt dan ook mede, dat er geen andere candidaat dan de heer Prange door haar zal worden gesteld. Vervolgens spreekt de heer Vledder namens de fractie van de Partij van de Arbeid: Mynhear de foarsitter, Ear't wy oergeane ta it kiezen fan de beide wethalders, woe ik ut namme fan us fraksje it folgjende nei foaren bringe. Der hat fan to foaren oerliz west oer dizze saek yn in pear gearkomsten, dêr't alle trije partijen by oanwezich wiene. De Partij van de Arbeid is der by dit bisprek fan ütgien, dat wy sunt de leste forkiezings hwat in oare sitewaesje yn üs gemeente ha. De P.S.P. hat foar it earst in sit krige yn de Rie en de Partij "Gemeentebe langen" hat 5- Dizze partij hat makke, dat de groepen, dy't earder apart yn de Rie sieten har nou, forsterke mei in fortsjintwurdiger fan it Katholike folksdiel, as ienheit presenteare. Derby is us fraksje fan bitinken, dat in bistjurlike ienheit as üs gemeente sa- folle mooglik ienriedich stean moat. In spjalt tusken doarpen en tusken groepen moat safolle mooglik tsjingien wurde. Om boppeneamde redenen is de fraksje der fan utgien, dat njonken in P.v.d.A.er, immen fan de oare kant, diel ütmakket fan it kolleezje fan B.en W. Mar dan moatte wy re wêze ek wier meiëlkoar de gemeente to bistjüren, dan moatte wy witte, hwat wy oanelkoar ha en dan moatte wy op elkoar oan kinne. Dêrom ha wy oan de fraksje fan "Gemeentebelangen" in pear fragen steld en ha wy in pear opmer king s makke. Yn it foarste plak is troch üs frege, hwat de forkiezingsleuze"It roer moat om" bitsjutte. In twadde punt fan it forkiezingsprogram fan "Gemeentebelangen" wie: Gjin sin- trael bigraefplak. Dizze saek wie doe al bisletten en de hearen V.d.Hem en V.d. Lageweg, nou sittend foar "Gemeentebelangen", hiene foar dat plan stimd. Hou't binnen de partij "Gemeentebelangen' net de solidariteit opbrocht wurde koe, to stean foar bipaelde besluten, rop dit by üs fragen op. Wy fregen oer dizze kwesje ütliz. As tredde punt ha wy wiisd op de wenningbou. Wy woene düdlik stelle, dat de fclkswenningbou by üs altyd nümer ien west hat en dat dat ek sa bliuwe sil. Bi- foarderjen fan partikuliere bou, kin fan üs allinnich forwachte wurde, as de bou neffens de wenningwet der gjin skea fan hat. De oare punten fan it forkiezingsprogram fan "Gemeentebelangen", to witten: iepenheit yn de polityk, sprieding fan de rekrêaesje en stypjen fan de Fryske tael en kultuer, kinne wy wol efter stran. Se komme praktysk oerien mei in pear fan de winsken, dy't wy seis steld ha. Fan de kant fan "Gemeentebelangen" is op dit alles nei foaren brocht, dat üs prinsipiëel ütgongspunt oer de fortsjintwurdiging yn it kolleezje fan B.en W. tige op priis steld waerd. De rop: "It roer moat om" haldde yn, dat men fan de oare kant ek wolris efter de skerms meispylje woe; konkreetin wethalder. Op hokker punten dan it roer om soe, hat de fraksje üs net düdlik makke. By it oerliz yn de ünderskate kiesforienings foar it opstellen fan it aksje- program, die bliken, dat binammen yn de doarpen buten Grou it sintrale bigraef- plak de minsken min sinde. Greate groepen koene har net forienigje mei it bislüt dat de eardere Rie mei algemiene stimmen nommen hie. Om dizze reden miende men, dat dit punt nochris nei fcaren brocht wurde moast en sadwaende wie it yn it forkiezingsprogram set. - De fraksje -

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1966 | | pagina 5