- 3 - Yn de Havensbank haw ik lezen, dat foar de Sint Martensfiering yn us gemeente in pear bydragen jown binne. Dit binne krekt fan dy lytse dingen - forrassingen - dy't it libben hwat moaijer meitsje. Ik bin der bliid mei en ik stel it ek op priis, dat boargemaster en wethalders kans sjoen ha, foar dit soart en oare kulturele saken hwat mear yn us kulturele füns to stopjen. In knap stik fan de romte üt us bigreating wurdt brükt foar de wegen en ek de for- ljochting. Hwat dit leste oanbilanget myn twadde fraech: Hwat moat der yn totael yn üs gemeente noch oan dizze forljochting dien wurde en hwat kostet dat? It wurdt tiid, dat wy mei us foaroarlochske forljochting, dy't hjir en der noch is, ofweve. Der komt noch by: hwat forline jier op de bigreating komd is, stiet der foar de helte noch net. Sa kinne wy wol kloek wêze fansels, mar kin dat nou net hwat hurder avenseare en geane boargemaster en wethalders der wol fül efteroan? Ey de forbetteringen, dy't wy oan strjitten en wegen oanbringe, fait, as slachtoffer fan it tanimmende forkear hieltyd mear fan üs biplanting en beammen. Der is miskien net folie oan to dwaen, mar üs doarpen wurde sa aerdich keal en ik woe hiel graech de oan- dacht fan boargemaster en wethalders freegje foar de fraech: Hoe halde wy üs doarpen moai en hoe meitsje wy se moaijer? Us buro fan gemeentewerken hat in knappe forsterking krige fornimme wij üt dizze bigreating. Safolle, dat de bihuzing al to lyts wurden is. It tariedend wurk kin nou tominsten syn gerak krije. Mar it moat ek ütfierd wurde. En hjir doel ik foaral op it minne ünderhald fan üs bermen, grienstroken en tsjerkhoven. Dat jildt seker foar de bütendoarpen, alhoewol Grou nou just ek net by ütstek is. Ik bin dêrom wol bliid, dat boargemaster en wethalders - mei troch it bisprek yn de ofdielings - romte foun ha foar in man ekstra op dit terrein. Is it ek de bidoeling, dat yn elk fan de doarpen wer in lytse fêste staf komt to sitten? It ünderwiis is der dit jier ek wer knap foarwei kommen. Wy hiene ek net oars for- wachte mei twa wethalders, dy't hjir sa nei by bitrokken binne. Us boargemaster moat fansels wol oppasse, dat se net alles ynpikke. As fraksje binne wy fansels wol bliid mei de forbetteringen yn de forskillende plakken yn üs gemeente, dêr't nije skoallen en gymnastyksealen komd binne. De nije kombinaesjeskoalle to Wergea komt hopelik dit jier fan de groun. Mar it is eins foaral Warten, dat in suterich gefal hat, dat men skoalle neamt. Menear de foarsitter, der is foar üs bern net folie plak om to boartsjen. Op de strjitten kin it net. As der yn üs doarpen op initiatyf fan pleatselik bilang of alden, dy't har der foar spanne bisocht wurdt, in gaedlik boartersplak to krijen, dan hoopje ik, dat se by boargemaster en wethalders in goed ear fine sille, as der help nedich is. Mei de bigreating yn it algemien binne wy wol ynnommen. Mar oer in pear punten woe ik noch wol hwat hearre. Dat is yn it earste plak oer de kommeplannenfoaral oer dat fan Grou. Hoe stiet it der mei? Dan it punt kontakt bifolking. De wethalders halde nou elke moanne spreküre yn in pear doarpen. Hoe rint dat, en hat it kolleezje op dit punt ek noch mear plannen? De opstelling fan it kolleezje by it swembad yn Grou foun ik net sa posityf yn de bi- greatingsbriefIt plan Grou-noard is hast klear. Hoe sille wy nou fierder? Graech hjir in düdlik antwurd op. Oer de wenningbou wol ik sizze, dat ik hoopje, dat der foar üs gemeente mei in natuerlike groei fan de yndustry hwat ekstra's üt komt. Ik winskje it kolleezje sterkte yn de striid. En dan woe ik bislute menear de foarsitter mei in pear opmerkings oer it rekrêaesje- oard to Grou. Wy hawwe der in pear kear west. En it is der prachtich yn de simmer. Dat witte hiel hwat minsken buten üs gemeente better, as de eigen ynwenners. Se moasten der ris hinne gean. It kin ek best sunder sylboat. De minsken, dy't der de leste jierren fanwegen it Reade Krüs hinne geane, witte it wol. En nou binne der buten dizze groep noch hiel hwat minsken, dy't der troch forskillende omstannichheden net oan ta komme, mei fakansje to gean. Soe it net mooglik wêze oan dizze minsken, eigen ynwenners fan de gemeente dus, yn de tiid, dat der in ünderbisetting yn "De Lijte" is, tsjin in skaplike priis in hüske to forhieren? Kinne boargemaster en wethalders dizze suggesje net oan it bistjür trochjaen? Dat bistjür, menear de foarsitter stiet frij fan de gemeente. Dat wit ik hiel wol. Mar it hat de leste jierren bliken dien, dat de stipe fan de mearderheit fan de Rie by it bihanneljen fan de bigreating och sa wolkom wie. Hou bigryp ik net goed, dat dat bistjür samar inkelde tüzenen gounen op de kampwinkel sjitte litte kin. Der kom ik strak noch wol op werom. r

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1968 | | pagina 7