- 6 - De heer De Boer: Menear de foarsitter, dame en hearen, Yn de oanbiedingsbrief by de begreating sizze B. en W.dat se gelokkig in slutende bigreating oanbiede kinnen. Mar dat komt, omt wy fan us biwenners hege bilestings freegje en fan de winst fan it gasbedriuw. Ik fyn dat fatsoenlik sein. Man kin sizze: De Ryksregearing lit üs hoe langer hoe mear yn'e steek. En wy moatte mei hwat "kunst en vliegwerk" mar sjendat wy üs redde. Afijn, Jo witte it stanpunt fan de Partij van de Arbeid en üs fraksje tinkt der ek sa oer: It moat üt weze mei dy sabeare bilestingsforlegingsplannen. Den Haech jowt de minsken, dy't jild genoch ha noch hwat mear en wy kenne it mei bitelje Jierren hawwe wy sitten to switten mei in bigreating, dy't frijhwat pynlik wie. Troch dy al neamde bilesting en de taf aller fan it gas, is in basis ünstien, hwerop wy dochs noch hwat dwaen kinne Mar üs Gemeentelik bilestingsplafond is nou wol birikt, tinkt my. En dam meije wy foar de wurken,der't wy de dekking foar ha, noch net iens jild oanlüke. Dat dat dochs noch slagge is,'is wer to tankjen oan hiel hwat fan datsel- de "kunsten vliegwerk", dat ik al neamd ha. Der bin ik wol bliid om, hwant wy moatte goed yn de rekken halde, dat it forskouwen fan greate wurken fan it iene jier nei it oare samar in 8% skeelt. En dizze 8% binnen wy foar in nije bigreating wer kwyt foar nije objekten. En nou de bigreating op himsels. Se sizze wolris, as men in kabinet bioardielet op syn resultaten, moat men nei it tredde jier sjen. It "oogstjaar". Nou, sjoen de keuren, dat de Rie dit jier opdrave moast om it iepenjen fan objekten op to sieren, komme jimme der net sa min foar wei. Ik ha it forkiezingsprogram fan de P. v.d. A. fan 1966 ris opsocht en tocht: "Hwat is der nou fan to lanne kommen!" Der stie as earste punt op: Forbetterjen fan wegen yn de hiele Gemeente. Ik fyn, dat der hiel hwat oan dien is. En it giet neffens in goed plan. Ik wit wol, dat wy foar de J.W. de Visserwei hiel hwat gelok hawn ha en dat de rest fan dizze wei der minder fcinne leit as oait. Mar it stiet der fierder mei de wegen en strjitten aerdich better foar. Ik neam Grouw en de dyk fan Roardahuzum nei Wergea. Oer de wenningbcu foar elkenien - dat leste stie mei greate letters yn üs program drukt - wol ik aenst apart hwat sizze. Better kontakt tusken Gemeentebistjür en kiezers. Wy geane stadich foarüt. De jounen mei de Rie to Wergea en Warten wiene goed. Grou en Roardahuzum binne wy mei oan'e gong. Jim ha' in diel fan de biskriuwingsbrief hüs can hüs bisoargje litten. Ik hoopje, dat hiel hwat minsken de moed opbrocht ha him te lezen. Sa kinne se hwat gewaer wurde oer de plannen en de moeilikheden, dy't wy ha. It is aerdich bitocht. Mar ik freegje my wol of, oft dat nou de goede manier is. It is to lang en to siferich. It moat al wer, mar dan hwat cars. Jachthaven WartenIt plan is klear. Jim ha de provinsje achter jim krige en it is al foardroegen om subsydzje. De groun is kocht. Mar hy leit der noch net. Der is yn Warten in aktyf bistjür fan Pleatslik Bilang en V.V.V- Ik wit ek, dat jim der kontakt mei ha. Set dat troch en doch jim uterste best. Wy wolle it greach klear sjen. Sportfjild Wergea, Nou, dat liket der aerdich op. Der moat fansels ek in kantine /my mei klaeigelegenheit op. It past/as Wergeaster eins net üssels op it boarst to. slean. Mar ik doch it dochs. It doarp hat hiel hwat dien en jild jown. Mar earlik is earlik, jim ha üs ek goed holpen. It swembad to Grou wie ek ien fan üs punten. Nou, dat giet my to stadich. Dy 10.000,- yn dat funs is prachtich. Dêrmei trochgean. Mar der moat ek hwat oars barre. Hwant as wy sa trochgean, sille de bern fan üs pakesizzers it iepenje moatte. Hoe stiet it mei de kommisje, dy't yn de oanbiedingsbrief neamd is. Hwa sitte der yn en hwat dogge se? En hwat dogge jim? Hjir wol ik wol graech hwat mear fan witte Sn dan dq riolearing fan Roardahuzum. Oer dat doarp wol ik net folie sizze. Dat is der pubes forljocht sitter t foar wei kommen. Mei de strjitforbettering, riolearing, sanearing en ing is bigoun. Dan in nije beukerskoalleJo sizze altyd, menear de foar- at dat hwat oars is, mar dat ha ik der noch noait oan sjoen. En dan dat oare gebouw. Foar in doarp mei in lokoboargemasterdy't in eks gymnas- tykkampicene as frou hat en dy't seis yn dy organisaesje ek noch wol hwat bitsjut en bütencat lid is fan de feteraneofdieling fan de kuorbalkiup Stanfries, is fan sels de qamme gymnastiekseal to min- 7 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1969 | | pagina 15