- 7 - Mar as se him sporthal neame, witte se, dat de hiele Gemeente harren ütlaket. Derom hst Roardahuzum nou in sportseal Sa'n ding moat der yn Wergea ek komme, menear de foarsitter. En sa gauw mooglik. Wergea profiteart noch net safclle fan it "oogstjaar".fan it kabinet. Mar it gas is der al en de nije forljochting, de nije beukerskoalle en de nije kombinaesje- skoalle komme der, hoopje ik, takommende jier. Foar Warten moat nest de prachtige gymnastiekseal in nije skoalle komme. Hwat tinkt it kolleezje, komt dy der noch yn 1970? Ik bin tsjin dorpisme, menear de foarsitter en dêrom neam ik Grou it leste. De forljochting, strjitten en plantsoenen binne aerdich forbettere. Wy hawwe in nije beukerskoalle en in lêsseal mei iepene. De beide legere skoailen binnen forbettere. De bisunlere skoalle ha B. en W. neat oer te sizzen. Mar ik wol dochs sizze, dat der ek ia nijen foar komme moat. Alles meielkoar liket it net sa min. Jim moatte as kolleezje wol it gefoel ha, dat ik jLm op roazen sette wol. Mar sa is it net. Der binne in pear forfelende dingen, ier't jim goed efteroan moatte. 1 Underbids Al'ioewol de skoallebcu en de gymnastieksealen yn dizze pear jier in stoarm- untwikkeLing trochmakke ha, is der ien ding, dat us min smakket: De ütkearing fan it ünderviis yn greate en lytse Gemeenten. Dat in Gemeente mei mear as 250.000 ynwenners mear as 30,- de learling mear ut- keard kriget as wy, is in great skandael. En dan de manier hwerop dit birikt is. Se jowe mar üt, stelle mar faklearkrêften oan, sti ftsje pedagogyske sintraa en wit ik "nwat mear en dan blykt nei sawn jier, dat se mear nedich ha as wy, En dan krije se it ek fan de regearing, in moaije metoade1 Dit jowt üs it gefoel, dat wy as efterbleaun gebiet biskoge wurde. En hjir wol ik mei de measte klam tsjin protestearjeDit moatte wy ek net oer üs hinne gean litte. En ik haw in opdracht foar it kolleezje. Dan hat wethalder Van Essen tominsten ek hwat to dwaen. Niia ris kontakt op mei alle haden fan de iepenbiere en bisündere skoailen. Fierders mei skoallerie en skoallebistjüren,ynspeksje en wit ik hwat alle ge arre mear. Meitsje sa in ynventarisaesje fan hwat der op it gebiet fan under wits forbettering yn üs Gemeente nedich is. Deroer soene wy dan wolris in nota ha wolle. En dan moatte wy mar ris bisjen, oft wy mei de bigreating fan 1971 net deselde kant üt moatte as Amsterdam. De provo's binne d? dochs hast üt- sptle. Lit üs dan nou mar ris bigjinne. Ik mien dit hiel earnstich, menear de foarsitter. 2. Wenningbou. Forline jier ha ik fregemenear de foarsitter, om ris hwat ekstra's to dwaen foar de partikuliere hou. Ik ha net heard, oft B. en W. der ek hwat oan dien ha. Miskien kin dat nou. Der wurde it kommende jier in 100 wenten klearstocmd fan de wenningbouforie- ning. Wy ha yn dizze seal meardere kearen pleite foar trocbreak yn de bisteande boustyl en it soarte fan wenten. Yn dizze opset is nou wol foroaring kommen, mar dochs jowt it lang gjin byld fan hwat üs foar eagen stiet. De wenten as sadanich ha wol in rojaler en rommer oansjen en de forsjenningen binne ek better. Mar dit komt ek düdlik ym de hierpriis ta utering, Mar om in Wergeaster ütdrukking to brüken: wy bouwe noch altyd yn kearewearstyl. Om de kurvepriis to heljen, moat alles sa ynelkoar skouwd wurde, dat it oansjen hjirtroch net moai wurdt. Wy sille der yn de takomst bislist rekken mei halde moatte, dat wy snikken foar biplanting en grienstroken jierlijks üt it grounbidriuw keapje moatte, hwant mei dit bouwen lizze wy in Ontwikkeling foar 1+0 a 50 jier fêst. Mei de greate hierforskillen, dy't nou üntsteane kin ik wol sizze, dat üs fraksje foar in ?ktyf trochstreamingsbilied is. Mei dizze forskillen sille der foar de bouforiening wol problemen ucfcstean. It is neffens my ek forkeard, dat de hier fan de wenningen allinnich bipaela wurdt troch houpriis. Wengeriif, stand en sa mear binne ek wichtige punten. Kin it kolleezje üs oer dizze saken ek net in soart fan nota takomme hitte, om my mei de wenningbouwforiening? Sjesa, nou hat wethalder Vledder ek hwat to dwaen. Fierders geane jim, hoopje ik al troch mei de sprieding fan de huzen oer de doarpen. 3. Mer.ear, de foarsitter, dan bin ik nou oan Jo ta. Ik wol it oer de bijaerden- soarch ha. En derby stiet Friesmahiem sintrael. En der geane Jo, mien ik oer. Dat Friesmahiem is foraldere. In nijhou, of ütwreiding sil der foarlopich wol net yn sitte. 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1969 | | pagina 17