- 12 - It wiene nammentlik dy twa, hwer't we in jieriyn it nedige fan seinen yn de alge- miene biskêgings en yndied in swak moed deryn hiene, dat soks binnen redelike tiid realisearber wêze soe. Ik doel op de brêge yn Taarten en de J»W. de Visserwei, ynklusiefde Meanewei- brêge. Sekerwier dochs hangizers, der't greate slompen jild mei gepaerd gongen, sünder in fikse bydrage üt de Rykspot üs fier boppe de pet gean soene en dochs sa düvelske graech forbettere seagen. Wol sa graech om 't amper eltse dei en by eltse gelegenheid de kSns oangrypt waerd it moed deroer to luchtsjen. En al is it earstneamde allinnenoch mar ynütfiering en it twadde allinnenoch mar roun op pa pier, finansjeel dan, ik hoopje al dat bigjin 1973 mei de earste fase in oanfang nommen wurde kin. Ik wol net neilitte to sizzen dat it sekerwier fan jo, mynhear de foarsitter, in skot yn'e roas west hat de ynspekteur fan Gemeentefinansjes üt to noegjen ta in autorit op de Leechlanswei de man wie doe fourtendaliks oertsjü- ge fan de needsaek. Fetsje ik fierder gear ünderwiis en sport; op dit mêd hat it stiftsjen fan de kombinearre basisskoalle yn Wergea der ta bydroegen, dat de foarsjennings fan it ünderwiis yn Idaerderadiel op in hiel goed peil steane, ik wol der noch bij neame de ütbreiding fan de beukerskoalle yn Wergea. Oangeande de sportakkommo- daesje hat Wergea dit jier de bischikking oer twa sportfjilden krige. Bliuwt oer dat it plan mei bitrekking ta sportfjild Warten ek binnen net al to lange tiid ütfierber is. Grou bliuwt no as greatste plak yn de gemeente efter yn de sportak- kommodaesje. It liket in gunstich foarteken, dat hwat nei foaren kommen is fanüt de ófdielingsgearkomsten mei dêrop in gunstichadfys yn de memoarje fan antwurd, dêrüt in risseltaet komt, dat binnen ófsjenbere tiid oan bidoelde situaesje in ein makket. Mei bitrekking ta it andert yn de memoarje fan antwurd oangeande forbette- ring dyk, Idaerd- gemeentegrins Ljouwert hoopje ik net toloarsteld te wurden myn hear de foarsitter. In forbettering is dêrom needsaeklik om't neist funksje as trochgeanswei ek faker auto's oan'e kant parkeard steane. Dit makket dat de wei oan 'e smelle kant is en weake berms ta gefolch hac. Dat er dit öfroune jier wer romte wie om foar dat doel bistimde winst üt it gasbidriuw, n.l. oanslüting ünrendabele gebieten op it gasnet kin we üs lokkich priizgje. As, mynhear de foarsitter, yndied alle gebieten dy't as Onrendabel oan- murken wurde kinne, oansletten binne, sille der dochs noch frij greate ütgestrekt- heden lizze, we soenen it superünrendabeleneame kinne. Fan gemeentewege sil sjoen de greate ünrendabele top fan dy ynfestearing öfsjoen wurde moatte fan oan- slüting nei myn bitinken soe't in oerweging fortsjinje dizze perselen, mynhear de foarsitter, op in oare wize/to litten yn de jildlike sawol as de ekonomyske foar-/ diele dielen fan oanslüting op it gasnet. Ik tink hjirby oan in tornjittekomming yn de kosten, dy't in netforswiering fan de elektryske stroomforsjenning meibringt, dy't w nei't ik oannim ünherroppelik syn bislach krije sil. It hat my teloarsteld, mynhear de foarsitter, dat it kolleezje in öfwizend stan- punt ynnommen hat mei bitrekking ta de forljochting op krüspunten op bütediken. By dizzen soe 'k doch noch pleitsje wolle dit stSnpunt to hersjen. As men sjocht nei de optimale forljochting yn alle oare gemeentedoarpen fan great ta lyts ek der tusken by koarte rygjes hüzen kin 'k my foarstelle dat de biwenners mei it lizzen fan üntslütingsdiken üt har Ongerief holpen, har efterütsteld fiele, dat in 1 jochtpunts je op ünderskate plakken der no krekt net mear of kin. Oangeande de wentebou yn üs doarpen leau 'k dat er sprake is fan in ütwrei- ding sa as wy dy graech sjogge. In ütwreiding nei in ynwennertal fan de doarpen Readhuzum en Warten fan 1000 a 1500 sa as de bistemmingsplannen biëagje kin 'k ünderskriuweIs der evenredich oan dizze bistemmingsplannen ek bouwripe groun oanwêzich, mynhear de foarsitter. Libbensgreat probleem is by my de hüshier dy 't neffens myn yndruk foarmen bi^jint oan to nimmen in stimulans to bitsjüttenta it bouwen fan in eigen wente. Kom ik nou ta de bigreating foar it kommende jier mynhear de foarsitter, dan kin ik mei it kolleezje diele yn de omstannichheid optein to wêzen yn it slütend wêze dêrfan en boppedat in oerskot, der 't wit hwat fan barre kin ta nut fan it algemien. It plan om üt de post "Onvoorzien" 50.Q00,to bistimmen foar in swembad hjir yn Grou, al as net mei in sporthal, in punt dat noch diel ütmeitsje sil fan fierdere bisprekkings, kin 'k folledich efter staan. Sünder mear soe 'k it ek üt gemeentelik eachpunt as in greate oanwinst sjen wolle, dat dit plan mei koarten foar forwurkliking yn oanmerking komt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1972 | | pagina 29