- 13 - en noarmen It sprekt fansels, mynhear de foarsitter, dat er nei dit plan, wer oare en nije har oantsjinje sille. Yn de biskriuwingsbrief wurdt wer op treflike wize ütien set oer in perioade fan 5 jier de dekking to sykjen foar de dêroan forbou- ne kapitaelslêsten. Oer ien punt wol ik my kritysk ütlitte mynhear de foarsit ter, Dat is oangeande de "onroerend goed-bela'ting"dy't dan yn't plak komme sil fan wei- rioel- groun-en personielebilasting. As art. 12 gemeente, dêrfan wol ik ek nou noch de waerde ünderskriuwe as in wolkomme forsterking fcin üs finansje- le posysje, ek al binne we boun oan tariven/fêststeld troch de minister. Wy ha dizze noarmen ek altyd hantearre en meast it minimum waerd oan de eigen bifolking oplein. It hat as risseltaet noch in bihoarlik bilestingoerskot oplevere. Yn tsjinstelling ta dit foargeande, mynhear de foarsitter, sil by de nije bilesting ütgien wurde fan maximum talitbare heffingen, dy't dan in totale opbringst fan 80.000,bitsjut. Omdat dit boppedien yn forgelyk mei de hjoeddeiske situaes- je by in part fan de eigen bifolking oan it gefoel komme sil, soe 'k net graech mei de ynfiering fan de nije bilesting drastysk Öfwike/fan it oan nou ta folge wolle bilied. It bliuwt foar my op lest dochs wer op 'e ny in ünfortarbere saek myn hear de foaisitter, twongen towurden ta it oplizzen fan nije foarderingen as we bitinke, dat we fan oerheidsside tokoart dien wurde yn de ünderwiisütkearingen en in ütkearingsforskil per ynwenner. Hei de altyd makliker wurdende matéry yn de gemeentelike oangelegenheden, mynhear de foarsitter, mar hwerfoar dochs it ambtnerskorps gjin muoite bispa "re liet düdlik en forhelderjend üs foar to ljochtsjen, wol ik mei in wurd fan tank dêrfoar, bislüte. De heer Sipke de Boer spreekt als volgt: Menear de foarsitter, Yn de jierren, dat ik yn dizze Rie sit, springe twa bigreatings foar üs Ge meente der üt: Dy fan 1963 en dy fan 1973. De earste is deselde menear de foar sitter, dêr't jo faek sa folie oer prate. Alle dübeltsjes en kwartsjes wie op bi- sunige en noch wie der jild to min. Dat wy krigen doe yn juni noch in sür potsje op it fjür en moasten der nochris mei de "botte bijl" yn omkappe. Nei 1963 ha wy seis jier op 'e jister roun - om ris in ütdrukking fan Piter de Visser to brüken. Wy koene de saken sahwat krekt geande halde, mar mear ek net. Nou is it 1973 en der is jild oer. Ik sjoch dan even net nei it steatsje op side 11 fan de biskriuwingsbriefdêr 't ütkomt, dat yn de kommende jierren elke hüshülding noch in 357 goune ekstra bilesting bitelje moatte soe om der üt to kommen. Ik sei moatte soe, menear de foarsitter, hwant ik hoopje, dat it hwat ta falt. Der moatte noch in pear greate plannen forwêzentlike wurde: Ik bidoel it bijaerdetohüs en it swembad mei as folgende fase in sporthal. Dêr is in soad jild foar nedich en dat moatte wy der foar oer ha. Ik leau, dat wy foar de gewoane dingen noch wer op'e jister rinne moatte, om foar in pear béste stamboekkij hwat moaije stikken greide oer to halden. Yn tsjinstelling mei oare jierren, menear de foarsitter, wol ik dizze kear de bigreating net neirinne. Hy sit wol alle kearen better ynelkoar, is dêrom alle jierren oars opset en net mei de foarige to forlykjen. Der wurdt wol altyd tasein, dat it bigreatingsmodel nou sa is, dat dit forlykjen tonei wol wer mooglik is. It sil my binije. Ut it listke op bledside fiif fan de biskriuwingsbrief blykt, dat wij mei de kosten fan algemien bihear noch net sa min buorkje neffens it gemiddelde. Soene wy dan dochs net safolle djürhrwêze as greate gemeenten? om der mar net iens fan to pra ten, as der ek noch de kosten fan gewesten oerhinne komme. Hwat dat oangiet, menear de foarsitter, bin ik wol bliid mei de ütspraek, dy't twa politisy dien ha, doe't se yn dizze Gemeente sprieken. It wiene Geertsema en Vondeling. Se ha beide sein, dat se gewestfoarming yn Fryslan net nedich founen. Se ha it leau ik noch noait sa iens west en se kornme aerdich yn üs strjitsje. As ik trouwens de lüden fan de min- skendy't yn stüdzjekommisjes oer dizze saek sitte, sa hear, dan kinne wy it yn 1973 mei praten oer yndielen fan Gemeenten en Gewestfoarming noch wolris drok krije.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1972 | | pagina 31