- 14 - Werom nei it steatsje op bledside fiif, menear de foarsitter, sjoen de si- fers op iepenbeare feilichheit, sitte wy - mei in goede forljochting - net sa raer. Under folkssounens meije wy skielk de oanslutings op, en it oanlizzen fan wettersuvering ek hast rekkenje. Wy moatte der op gokke Wergea yn 1973 oan to sluten. Ik soe mei dizze earste fase graech los wolle, hwant oars wurdt it wer in plan mei lustrums. Ek üs ütjeften foar kultuer en rekreaesje lizze togearre leger, as it ge middelde. Dan stiet it der mei üs kultuer yn dizze Gemeente grif net bést foar. Hwant de rekreaesje slokt, jo sizze it sels wit hoe faek, menear de foarsitter, hiel hwat op. Yn totael soene wy dus hiel hwat oerhalde kinne, as iepenbiere wurken der net wie. Dat foroaret it saldo yn in dikke min. En dat moatte wy "Den Haech", yn forban mei üs ekstra ütkearings, hieltyd wer foarhélde. Ik haw it Lemster bad bisjoen, menear de foarsitter. Wy moatte hjir ek mar gau soks ha, tinkt my. It is gjin lükse, al liket it miskien wol sa. Mar it bringt de feilichheit, de folkssou nens, de kultuer en de rekreaesje fan üs ynwenners omheech. En dat kin, neffens de sifers, dy't ik sakrekt bidoelde, bést. Us fraksje stiet dêrom efterhwat yn de forslaggen fan de öfdielings stiet en de memoarje fan antwurd. Bigjinne, me near de foarsitter, en sa gau mooglik. De wenningbou kriget mei greater konkurrinsje to dwaen en sil him bisinne moatte, hoe't er him stabiliseare moat. It peil fan de oanbouw sil wizige wurde wmoatte. Ljouwert komt dit jier ek mei in fikse protte wennings, neidat allerhande kommisjes dit in jiermannich knap opkeard hiene. Wy wolle de wenningbou wol hwat biperke ta de lytsere doarpen yn de Gemeente. Jow dy in goede ündergroun en fier- ders bin ik it wol iens mei de foarsitter fan üs Wergeaster pleatselik bilang, as er seit: Hwat foar bilang ha wy der by, as doarpen as Wergea - en seker ek Grou - mar hurd groeije. Ik sjoch it net, menear de foarsitter. Fierders wol ik noch wer ris hwat sizze fan de hierprizen. Se binne net mear op to bringen. In wettelijke regeling fan de hier, keppele oan it ynkommen, sil hjir foroaring yn bringe moat te. Ek foar minsken mei in gewoan ynkommen moat in goed hüs biskikber wêze. Nou't Warten aenst syn jachthaven iepent, miene wy ek dat wy mei it tanimmen fan de rekréaesje oan de top sitte. It is my hjir - foaral yn it heechseizoen - fol genöch. Ik wol bislute mei twa punten, menear de foarsitter. Earst oan it adres van burgemeester en wethouders. Al binne wy it net altyd iens, yn greate lijnen stea- ne wy efter jim. Wy hoopje mei jim troch to arbeidzjen oan in aktyf bilied rjochte op kwaliteit. En dan it twadde punt. Jo haw my dit jier foar it earst net seuren heard oer de koarte tiid, dy't wy hiene, om dizze bigreatingsbihanneling ta to rieden. It wie prima op tiid. Dêrfoar üs komplimint. Oan jim, mar ek oan de minsken op it wIIearrenfean, dy't har sa moai oan it skema halden ha. En mei harren wol ik in wurd fan tank bringe oan alle wurkers fan üs Gemeente, lans de dyk, of op kantoa- ren. Myn béste winsken foar allegear yn it nije jier en ik hoopje, dat de fleur, dy't üt dizze bigreating sprekt, ek wier makke wurde kin. het college De voorzitter zegt namens/de sprekers hartelijk dank voor hun vriendelijke woorden gericht aan de ambtenaren "langs de dyk en op kantoor Allen hebben hun werk uitstekend gedaan en spreker wil gaarne nog eens onderstrepen met hoeveel toewijding in het afgelopen jaar is gewerkt. Spreker merkt op, dat tijdens de algemene beschouwingen één algemeen punt naar voren is gekomen en wel de voldaanheid over hetgeen in 1972 is uitgevoerd. Inderdaad is dit een heel program geweest. De heer Freek v/d Meulen heeft alle werken opgesomd. Ook het college is verheugd over hetgeen bereikt is al blijven er vanzelfsprekend nog een aantal wensen over, aan de realisering waarvan men al enkele jaren bezig is, zoals de bouw van een nieuwe brug over de Meanewei, de re constructie van de J.W. de Visserwei en de brug te Wartena. Spreker hoopt binnen kort met de bouw van de brug over de Meanewei te starten. Het wachten is nu op de definitieve toezegging van de subsidie van de Cultuur Technisch Dienst en de fi nancieringsmiddelen. Gezien de urgentie,,die zowel Binnenlandse Zaken als de gede puteerde staten aan dit werk toekennen zit het er wel in.dat in het vroege voor jaar van 1973 kan worden begonnen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1972 | | pagina 33