RIED FAN_DE=FRYSKE=BIWEGING
Adm. F. Meinsma-Sinnema
Kommisjewei 55 o-.
DE PEIN (Sm.) De pein'
Till.8 05127 - 434.
Giro s 1125454» Oan de gemeenterieden yn Fryslün,
Heechachte Kolleezje,
Alderearst üs lokwinsken mei Jimme forkiezing ta riedsleden fan Jimme
gemeente. Fan Jimme bisluten sil foar de gemeente yn de kommende tiid
in soad êfhingje, al ia de romte foar bislütfoarming yn üs - sintralie-
tyske - steatsbistel dan ek to biheind.
Ek foar de Fryske tael en kultuer is it halden en dragen fan
riedsleden tige fan bilang. Wy tinke yn it foarste plak oan it Frysk
praten yn de gemeenteried. Dat is fan greate psychologyske bitsjutting
foar it oansjen fan it Frysk. Fansels is it derby wol bilangryk om flyt
to dwaen op in sa goed mooglik brüken fan it Frysk. len fan de swier-
richheden derby is dat de stikken foar de riedsleden noch altyd net yn
it Frysk steld wurde. Der doe al gans forbettering yn brocht wurde kinne
as tonei de agenda foar de riedsgearkomste yn it Frysk steld wurde.
In soad gemeenten hawwe sa njonkenlytsen wol ien^of mear amtncrs,
dy't it Frysk skriuwe kinne. Dêrom soe it mooglik we ze moatte ek de
notulen yn it Frysk to forsoargjen en guon stikken foar de gemeenteried
yn it Frysk to skriuwen. Mocht dat yn jimme gemeente noch net safier
wêzé, dan steane wy der op oan dat der in kursus Frysk foar gemeente-
amtners jown wurdt. De stüdzje dêrfoar kin stimulearre wurde troch it
takennen fan in jierlikse talage oan amtners dy't in Fry3k diploma hexxe
hawwe, bg. 100,— foar it Frysl&n-diploma A, 200,— foar it
FryslAn-diploma B. en 300,— foar de Fryske Akte fan de AFUK.
In oar punt dat tige fan bilang is foar it oansjen fan it Frysk is
it brüken fan Frysk yn gemeentepublikaesjesbg. advertinsjes en it
brüken fan it Frysk yn de nammejowing. Wy tinke derby binammen oan de
plak- en strjitnammen.
Hwat de plaknammen oangiet, is de praktyk by twatalige buorden- oer
ientalichHollünske, prate wy mar net mear - gauris dat de Fryske
nammen as in folkloristyske tajefte sjoen wurdt, wylst dy yn it
offisjele forkear net brükt wurdt. Better soe it wêze ientalich-Fryske-
buorden to meitsjen.
Dat jildt noch sterker foar de twatalige strjitnammenhwerfan't de
Fryske namme yn it mounlinge forkear wól, mar yn it skriftlike forkear
gauris wer nét brükt wurdt.
Dêr komt noch by dat dübele strjitnammen tige biswierlik binne foar ae
PTT, binammen yn forban mei it automatisearjen. Der soe in soad arge-
waesje, bitizing (en aksjes fan de FOKA; dy't-lykas bikend-üzes net
binne) foartkommen wurde kinne as yn it Frysk taelgebiet alle strjit-
nammen yn it Frysk fêststeld waerden.
Gearfetsjend soene wy der by Jimme op oanstean wolle de nije sittmgs-
perioade ek foar it Frysk goed to begjinnen, troch yn de ried Frysk to
praten en to bislutens
Dat de wurklist foar de gearkomste tonei yn it Frysk opmakke wurdt;
dat hwat yn it Frysk sein wurdt, ek yn it Frysk notulearre wurdt;
dat de riedsstikken safolle mooglik yn it Frysk steld wurde;
dat amtners foar in Fryslc diploma in talage krije s
dat advertinsjes en oare publikaesjes fan it gemeentebistjür yn it
Frysk wêze sille.
dat plak- en strjitnammen tonei allinne yn it Frysk oanbrocht wurde
pille* Mei rju achtinge
Drs. S. Sybrandy, foarsitter
3. T. Hiemstra, akriuwer