5a. Foarstel ta it fêststellen fan in tarissingsbislüt ex artikel 21 fan 'e Fet op de Ruimtelijke Ordening. Oan de gemeenterie. GEMEENTE iDAARDERADEEL GR9UW 3741 Grou, 6 desimber 1974. It liket der op, dat yn 'e rin fan it oare jier in definityf Üntwurp-bi- stemmingsplan foar de küm fan Grou to bisjen lein wurde kin. Forsiken om bou- forgunning yn de küm fan Grou, kinne nou noch net oan it nije plan hifke wurde en moatte hwannear 't se oan de foarskriften sa't dy nou jilde, foldogge, ta- stien wurde. Om in net winske üntjowing yn de küm fan Grou to kearen, is it nedich, mei gebrük fan de mooglikheit fan artikel 21 fan 'e wet op de Ruimtelijke Or dening, foar dit gebiet in tarissingsbislüt fêst to stellen. Sa'n bislüt for fait, as net binnen in jier nei dat it nommen is, it üntwurp-plan to bisjen leit. Tidens dizze termyn fan in jier moatte boargemaster en wethalders op groun fan it bipaelde yn artikel 50, 2e lid fan 'e "oningwet harren der oan halde, it nimmen^fan bislissingen op bouoanfragen foar bouwurken yn de küm fan Grouoan hSl 'oarft it üntwurp-bi stemmingsplan to bisjen leit Sa kin it bislissen op oanfragen foar net v/inske bouplannen ütsteld wurde ta it tyd- stip, hv/erop it hifkjen oan it üntwurp-plan mooglik is. Oai^. 'e oare kant kin foar bouplannen, dy't net yn strfid binne mei it plan sa't tarist wurdtyn de tiid dat it tarissingsbislüt fan krêft is, nei in foaröfgeande forklearring fan gjin biswier fan deputearre steaten, forgunning forliend wurde Op groun fan it boppesteandestelle wy jim foar, to forklearjen, dat in bistemmingsplan foar de küm fan Grou tarist wrdt en dêrta to nimmen in bislüt, hwerfan it üntv.'urp bv de riedsstikken foar jim to bisjen leit. Boargemaster: en v/ethalders fan 'e gemeente Idaerdera- diel, J. Draisma, loko-.boargemaster D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1974 | | pagina 45