20. Foarstel om de namme fan in diel fan "e Kerkstraat yn Grou to foroarjen. S2E Oan de gemeenterie. GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW NÜ.: 659 Grou, 28 febrewaris 1975. De öfdieling Idaerderadiel fan de Frysk Nasjonale Partij to Grou, hat forsocht, om de namme fan in diel fan de Kerkstraat to Grou to for oarjen yn :,Oerhaelspaed'' Adressante wiist der yn har forsyk op, dat de wenning Kerkstraat 48-49, dy't eartyds troch de skipper fan de oerhael nei it foetpaed nei Idaerd, biwenne waerd, alhiel restaurearre is. Boppedat, binne de monu- mintestifting en inkele partikulieren fan doel om yn dit diel fan 'e strjitte noch inkele panden op to knappen. Yn dit forban freget de öfdie ling Idaerderadiel fan de F.N.P. har öf, of it net winsklik is, oan dit diel fan 'e strjitte, rinnende fanöf de Nieuwe Kade yn südlike rjochting nei it paed om 'e Nederlansk Herfoarme tsjerke hinne, syn historyske nam me fan "Oerhaelspaed,: werom to jaen, in namme dy't oars by de Grouster bifolking noch jimmeroan brükt wurdt. Om't wy it mei dit forsyk alhiel iens wêze kinne, stelle wy jimme foar, it boppeneamde diel fan de Kerkstraat, tonei de namme to jaen fan "Oerhaelspaed::oerienkomstich it by de stikken, foar jim to bisjen lei- ne, üntwerp-bislüt mei de derby hearende situaesje-tekening. Boargemaster en wethalders fan Idaerderadiel, K.J.Vrij ling, boargemaster. D. Smits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1975 | | pagina 61