GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW 5Foarstel ta it oanlizzen fan in parkearstripe oan de Prins Bernhardstraat"a to Grou. Oan de gemeenterie. Nü. 948 Grou, 27 maert 1975, Wy binne fan doel, mei koarten in bigjin to meitsjen mei it opnij strjitfluorjen fan de Prins Bernhardstraat to Grou, hwerta op 'e gewoane tsjinst fan 'e bigreating foar 1975 (folchnü.204.00) jild ütlutsen is. By de bihanneling fan boppebidoelde bigreating ha wy tasein, dat wy ün- dersykje soene, oft it der ek yn sitte soe, tagelyk mei it opnij strjit- fluorjen yn dy strjitte hwat parkearromte to meitsjen. Om üs tasizzing nei to kommen ha wy twa plannen meitsje litten, dy't foar jim to bisjen lizze. Plan I hat it oanlizzen fan in 9-tal parkearplak- ken op it each; foar in part op it plak. fan it stikje grien oan 'e westkant fan 'e strjitte, foar in part op in stikje strjitte hwat forwidere wurdt. Plan II en Illforsjogge yn it oanlizzen fan 4 parkearplakkendy't oan- slute op 'e bibouwing fan de Prinses Marijkestraat en 5 parkearplakken, dy't oanslute op de bibouwing fan de Prinses Margrietstraat Mei it each op'e oantsjutting en de legere kosten (- 800,leger) wint plan I it fan üs. Lykas üt de mei oerleine bigreating bliken docht, freget dit plan in ynfestearring fan 11.000,Ofskriuwe vn 15 jier mei in rintefoet fan 10*2% jowt it earste jier in kapitaellêst fan 734,1.155, 1.889, Omt de gemeentebigreating genöch romte jowt dizze ütjefte to dekken en it meitsjen fan hwat parkearromte op it ornearre plak seker net forkeard is, stelle' wy jim foar ta it oanlizzen fan de bidoelde parkearstripe lykas plan I dat oanjowt oer to gean, en dêrta to nimmen in bislüt, hwerfan it üntwerp by de riedsstikken foar jim to bisjen leit. Boargemaster en wethalders fan'e gemeente Idaerderadiel IC.J. Vrij ling, boargemaster. DSmits siktaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1975 | | pagina 31