4. Foarstel om in stikje groun to Wergea to forhieren. Oan de gemeenterie GEMEENTE IDAARDERADEEL GROUW Nü 2728 Grou, 5 septimber 1975, Sa't jim bikend wêze sil, is by jim bislüt fan 12 juny 1973 oan de hear P„Cvan den Berg, Kerkbuurt 30 to Mergeait eardere earmhüs oan de Kleine Buren mei in totale oerflakte oan groun fan om en de by 240m forkocht. De hear van den Berg hat ündertuskende opstal öfbrutsen en is op dit plak mei in nije premy-wenning oan it bouwen. Dizze wenning is hast klear By dizze wenning yn-oanbou rint in tegelpaedtsje lans, hwat de forbining foarmet tusken de Kleine Buren en De Marren. De hear van den Berg wol graech it streekje groun tusken it tegelpaedtsje en syn perseel by syn hiem ha. 'As syn wenning alhiel klear is, sil neffens it bistimmingsplan in smel forbiningsstrjitsje makke wurde. Yn forban mei mooglike takomstige üntjouwing dêrre fine wy it wênstich, dat dizze groun net forkocht wurdt. t Wy hawwe de heer van den Berg meidield wol ré wêzen oan jim foar to stellen, om dit streekje groun oan him to forhieren foar de priis fan 10,it jier, under de foarwaerden, sa't dy steane yn it by de rieds- stikken foar jim to bisjen lizzende üntwerp-bislüt. De hear van den Berg hat forklearre, hjirmei akkoart to gean. I7y stelle jim dêrom ek foar, de streek groun oan adressant to forhieren en dêrta it üntwerp-riedsbislüt to bislüt to forheffen. Boargemaster en wethalders fan'e gemeente Idaerderadiel K.J. Vrijling, boargemaster D. Smits siktaris

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1975 | | pagina 21