7. Foarstel om it foech om perseeltsjes groun of wetter to forhieren, foar in part oer to dragen. GEMEENTE IDAARDERADEEL 0an de gemeenterie. GROUW Nü. 3112 Grou - 3 oktober 1975. It sil jim bikend wêze, dat yngefolge it bipaelde yn artikel 172 fan de gemeentewet it forhieren fan perseeltsjes groun en wetter it foech fan de rie is. Yn forban dêrmei kcgnme op'e v/urklist foar de riedsgearkomsten, jimmeroan foarstellen foar"strypkes groun, skealike oerhoeken, per seeltsjes wetter ensafuort hinne, tsjin in hierpriis fan bygelyks f 10,yn't jier, to forhieren. Ornaris giet de rie hjirmei sunder diskusje of nei in diskusje dy't gjin namme ha mei, akkoart. Yn jim gearkomst fan 19 augustus j.l. waerd mei it each hjirop it foarstel dien, om it foech dêr't it hjir omgiet, oan us kolleezje oer to dragen. Dit foarstel stie us tige oan, om't dan de bitreffende oan- fragen flotter öfwurke wurde koene en tiid en kosten bisparre waerden It foech om oer te dragen steut op artikel 212 fan de gemeente wet. It bislüt om oer to dragen kin biheinende bitingsten bifetsje. Yn forban mei dit léste soene wy ha wolle, dat it oerdragen biheind wurdt ta it forhieren fan perselen groun of wetter dêr't de hier priis net heger fan wêze mei as f 100,yn't jier en fierders, dat fan dizze bisluten meidieling dien wurdt oan de rie. Giet it om greatere bidragen, dan binne der meastentiids fierder strekkende gemeentebilangen mei anneks, dy't wy graech oan it oardiel fan de rie oerlitte. Op groun fan it boppesteande stelle wy jim foar, it foech on perseeltsjes groun of wetter to forhieren, oan us kolleezje oer to dragen, mei it ynachtnimmen fan de sketste bitingsten en dêrom in bislüt to nimmen sa as dat yn üntwurp by de riedsstikken foar jim to bisjen leit. Boargemaster en wethalders fan Idaerderadiel K.J. Vrijling, boargemaster DSmits siktaris

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1975 | | pagina 15